Liveblog | 12 jannewaris

112-nijs 12 jannewaris: 'Sinkhole' yn de dyk yn Ljouwert | Frou feroardiele foar riden mei drugs

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn Fryslân.

Lêst bywurke: 12 jannewaris, 17:20
17:20

FIDEO: Sa sjocht it gat yn de dyk yn Ljouwert derút

Ynienen wie der in sinkhole yn Ljouwert
16:51

'Sinkhole' yn de dyk op Eewal yn Ljouwert

'Sinkhole' yn Ljouwert
'Sinkhole' yn de dyk yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
Op de Eewal yn Ljouwert is in 'sinkhole' yn de dyk ûntstien. It barde doe't in persoan oer de strjitte rûn en der ynienen trochhinne sakke.
De hanthavening hat it gat ôfset. Der is ien fan de gemeente ûnderweis om it op te lossen.
16:09

Frou hast trije jier nei died feroardiele foar riden mei drugs op

In 34-jierrige frou fan De Gordyk is feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren en in selstraf fan twa wiken ûnder betingst. De feroardieling kaam omreden fan it riden ûnder ynfloed fan speed en kannabis, en riden sûnder jildich rydbewiis.
Yn juny ferline jier moast de Gordykster ek foar de rjochter ferskine om 't se yn febrewaris 2022 ûnder ynfloed fan drugs riden hie. De saak dêr't se har no foar ferantwurdzje moast wie fan april 2021, hast trije jier lien.
drugs cannabis kannabis wyt weed marihuana
De frou hie kannabis op © Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)
Yn de saak fan 2022 hie de frou net allinnich ûnder ynfloed fan drugs riden, se wie ek noch op hege snelheid útnaaid foar de plysje. De Gordykster ried dêrtroch mei har auto tsjin in lantearnepeal. Se krige hjirfoar in wurkstraf fan 100 oeren en in boete fan 500 euro oplein.
Se sei doe dat se ferslave west hie, mar ûnderwilens fan de drugs ôf wie. Sûnt ein 2022 hat se in positive draai oan har libben jûn. Se hat sels har rydbewiis ûnder foarbehâld weromkrigen, mar se moat noch wol meiwurkje oan kontrôles fan it CBR.
By de eask fan no hold de offisier der rekken mei dat de 'redelijke termijn' wêryn't in saak oan de rjochter foarlein wurde moat ryklik oerskreaun wie. Konfoarm de eask waard de frou feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren en in finzenisstraf fan twa wiken ûnder betingst.
13:52

Foar 50.000 euro skea by jierwiksel yn De Fryske Marren

Der is foar 50.000 euro skea oanrjochte yn de gemeente De Fryske Marren by de ôfrûne jierwiksel. Dit is folle mear as it jier dêrfoar: doe wie de skeapost 10.000 euro.
Yn Bakhuzen rekke de dyk op meardere plakken skansearre troch fjoerwurk en brantsjes. Om dat te ferhelpen, moat de gemeente 25.000 euro útjaan.
De skea dy't ûntstien is troch it yn putten smiten fan knalfjoerwurk, is noch net meinaam yn it totale bedrach.
12:11

Ynwenner Noardeast oanholden foar ynsidint treinstasjon Zwolle

De man út Noardeast-Fryslân wurdt oanholden op it stasjon fan Zwolle
De man út Noardeast-Fryslân wurdt oanholden op it stasjon fan Zwolle © Heitink
De plysje hat in 25-jierrige ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân oanholden foar in ynsidint op it treinstasjon fan Zwolle justerjûn. Hy hie in fjoerwapen by him.
It stasjon fan Zwolle waard justerjûn in skoftke ûntromme fanwegen in plysje-aksje om de situaasje ûnder kontrôle te krijen. De trein dêr't de man yn siet, waard stilset op it stasjon fan Zwolle.
Spesjale ienheden gongen de trein binnen en ûntrommen it treinstel. Dêr fûnen se de man út Noardeast-Fryslân en ek it fjoerwapen. De man fersette him by syn oanhâlding, mar waard úteinlik oerbrocht nei it plysjeburo.
09:03

Hast tritich bekeuringen yn Drachten

By in ferkearskontrôle yn Drachten binne hast tritich bekeuringen útdield. De plysje hat yn totaal 54 auto's en buskes kontrolearre, dêrby binne 26 oertrêdingen konstatearre.
Dat gong bygelyks om fiif minsken dy't har rydbewiis net toane koenen, fjouwer minsken dy't de telefoan fêsthienen by it riden, mar ek ien dy't te glêde bannen hie.