Voskamp fluchste by koartebaanriden yn Nijlemmer: "Dit is hoe je het vroeger deed"

Dione Voskamp (rjochts) wûn yn de finale fan Sacha van der Weide
Dione Voskamp (rjochts) wûn yn de finale fan Sacha van der Weide © Martin de Jong Fotografie
Dione Voskamp hat it koartebaanriden foar froulju yn Nijlemmer wûn. Yn de finale wie se flugger as Sacha van der Weide.
Voskamp is in sprintster pur sang. Dat bewiisde se de ôfrûne jierren al yn de Alvestêdehal troch twa kear op rige De Sulveren Bal, in wedstriid oer 100 meter, te winnen.
Dochs is it riden op it natueriis yn Nijlemmer net te ferlykjen mei it keunstiis fan de Alvestêdehal of Thialf. "Het is allebei schaatsen, maar heel anders. Binnen schaatsen is luxe, dit is meer hoe je het vroeger deed."
Iedere keer heb je kans om te vallen of op een misser.
It is noch net sa maklik, fertelt Voskamp
Melissa Wijfje, Ju-Lin de Visser en Sanneke de Neeling makken tongersdeitejûn de top-5 kompleet. Yn totaal dienen der 33 froulju mei oan de wedstriid.
It koartebaanriden is ien tsjin ien oer 140 meter. De winner giet troch nei de folgjende ronde, de ferliezer falt ôf. "Het klinkt eenvoudig, maar het is best wel moeilijk", seit Voskamp. "Als je de finale haalt, moet je heel vaak starten. Dan is er iedere keer kans dat je val of dat je een misser hebt."
De top-5 by it koartebaanriden yn Nijlemmer
De top-5 by it koartebaanriden yn Nijlemmer © Martin de Jong Fotografie
"Het sprinten zit in m'n bloed, ik weet dat ik hard kan schaatsen, maar het moet wel goed lopen."
Woansdei hienen de manlju al in koartebaanwedstriid yn Nijlemmer. Gijs Kamp fan Roden wie dêr de winner. Voskamp stie doe yn it publyk. "Dat was al superleuk om te zien, dus ik vond het top dat het nu ook georganiseerd werd voor dames."

No nei Thialf: "Zelfde sport, maar voelt anders"

It wie lang spannend oft de wedstriid trochgean koe yn ferbân mei it teiwaar en de fraach oft genôch froulju harren opjaan soenen. Mar úteinlik wie it iis genôch en wie der genôch animo.
Voskamp woe der beslist by wêze. "Je weet niet hoe vaak dit nog wordt georganiseerd, daarvoor hussel ik m'n agenda graag even door. En vrijdag ga ik weer naar Thialf voor een training. Dat is dezelfde sport, maar het voelt heel anders."