Fryske sikehuzen: tsientallen minsken ferwûne yn in pear dagen reedriden

Dizze ferwûne rider is nei it sikehûs brocht
Dizze ferwûne rider is nei it sikehûs brocht © Kappers Media
Der binne yn Fryslân inkelde tsientallen minsken ferwûne rekke yn de ôfrûne iisdagen. Dat blykt út sifers fan de Fryske sikehuzen.
As de froastperioade langer trochset hie, hiene de sikehûzen de soarch opskale moatten, sizze se, mar dat wie no net nedich. Omdat it op de dyk of de stoep net hiel glêd wie, koene de sikehuzen de ekstra drokte goed oan.
In wurdfierder fan it sikehûs yn Drachten seit dat dat in pear jier lyn wol oars wie. Doe hie it izele, en wiene der safolle slachtoffers dat se net allegearre tagelyk holpen wurde koene.
"Nu is het vooral vervelend voor de mensen zelf", seit se. "Voor het ziekenhuis valt deze drukte wel mee."
De measte slachtoffers dy't yn dizze iisdagen yn it sikehûs telâne kaam binne, hiene lêst fan de pols, mar der binne ek minsken behannele oan it ankel, skouder of de heup, en in pear hiene ferwûnings oan de holle.