Dizze boeken helje Friezen massaal út de biblioteek

Fryske boeken yn de biblioteek
Fryske boeken yn de biblioteek © ANP
Soe de smaak fan Fryske biblioteekleden ôfwike fan dy yn de rest fan it lân? Nee, sa docht bliken út sifers oer 2023. Boeken fan Lucinda Riley, Delia Owens, Esther Verhoef en Saskia Noort binne ek hjir populêr.
Mar hoe sit it mei de Frysktalige boeken, wurde dy eins wol liend en wa binne dêr dan de populêre skriuwers?
Foar in antwurd op dy fraach komme je út by FERS, de organisaasje dy't de Fryske biblioteken stipet. Sy dûkten yn de sifers fan ferline jier en leveren listjes fan wat der populêr wie by de biblioteekleden yn ús provinsje.
Litte we begjinne by dy Frysktalige boeken. Wa't ferwachtet dat dêrby foaral de wat âldere boeken fan bygelyks Rink van der Velde it goed dogge, dy hat it mis. De boeken op it listje binne allegearre yn de lêste acht jier útbrocht, in oantal binne sels amper in jier âld.

Populêrste Frysktalige boeken

De Fryske biblioteekleden keazen it faakst foar 'Testamint fan de siel' fan Hylke Speerstra. Dy beskriuwt yn dat boek út 2021 it - bytiden drege - libben fan twa Fryske emigranten yn Kanada.
Hylke Speerstra
Hylke Speerstra © Niels de Vries Fotografie
Foar it boek wie ek dit jier noch in soad omtinken, bygelyks troch in podcast fan de Leeuwarder Courant. Neffens Durkje Helfrich, dy't har by de biblioteek Mar en Fean dwaande hâldt mei Fryske boeken, soarget omtinken yn de media derfoar dat minsken nei in boek freegje yn de biblioteek.
Mar by 'Testamint fan de siel' wie dat net nedich.
"Ik tink dat de echte leafhawwer wol yn de gaten hat dat Hylke Speerstra in nij boek skreaun hat. Dêr is altyd wol belangstelling foar. Ek de âldere titels fan Speerstra rinne bêst noch goed."
Hy kin it gewoan moai omskriuwe, it lêst moai.
Durkje Helfrich oer it sukses fan Hylke Speerstra
"It binne ferhalen dy't minsken oansprekke", ferklearret Helfrich it sukses fan de boeken fan Hylke Speerstra. "Omdat se dat yn har eigen omjouwing ek wol tsjinkaam binne. En hy kin it gewoan moai omskriuwe, it lêst moai."
Hylke Speerstra wurdt folge troch 'Swiet & Bitter', in boek út 2023 fan Jikke Olivier, en troch 'In fauna fan ingels' dat Durk van der Ploeg yn 2022 skreau.
Van der Ploeg docht it dochs al goed by de Fryske biblioteekleden, hy stiet krekt as Rommert Tjeerdsma mei twa boeken yn de top tsien. Ek bygelyks Ferdinand de Jong en Jan Schokker wurde goed lêzen.
Top tsien Frysktalige boeken
Top tsien Frysktalige boeken © Omrop Fryslân
Liene bern wolris in Frysktalich boek yn de biblioteek? Ja, sa docht bliken út de sifers fan FERS. En oars heit, mem, pake of beppe wol, want by de bern oant njoggen jier helje beide dielen fan 'It grutte foarlêsboek' de top tsien.
Dy top tsien wurdt oanfierd troch it út it Nederlansk oersette boek 'De Gorgels' fan Jochem Myjer.
Sjogge we nei de lêzers fan njoggen oant tolve jier, dan blike dy ek noch wol geregeld Fryske boeken te lienen. By har binne foaral oersette boeken populêr: 'It libben fan in Labbekak', 'Pippi Langkous' en 'De GFR'. Boeken dy't alle trije oerset waarden troch Martsje de Jong.
Pippi Langkous is populêr by lêzers fan 9 oant 12 jier
Pippi Langkous is populêr by lêzers fan 9 oant 12 jier © Afûk
Fan tolve jier ôf wurdt de belangstelling foar Fryske boeken opfallend lytser. 'De saak fan de fermiste markys' by de bern fan tolve oant fyftjin en 'Hear fan 'e miggen' by dy fan fyftjin jier en âlder fiere de top fiif oan, mar wurde elts yn totaal yn 2023 net iens tweintich kear liend.
Durkje Helfrich: "As ik by de kast stean, dan kin ik dêr eins ek net boeken fine datst seist: echt leuke boeken foar dy leeftiidsgroep".
Hoe dan ek lêst dizze groep neffens Helfrich leaver Nederlânsktalige boeken en ek hieltyd faker Ingelsktalige. "Dat is ek de ynfloed fan BookTok."
BookTok is in trend op social media, ûntstien yn de coronajierren. TikTok-brûkers dielden doe lêstips mei-inoar en dat is yn de jierren dêrnei trochset.

Populêrste Nederlânsktalige boeken

Werom nei de folwoeksen leden fan de Fryske biblioteken. Sy lienden dus foaral boeken fan skriuwers dy't ek by leden fan oare biblioteken yn Nederlân populêr binne.
It giet dan ûnder oare om de searje 'De Zeven Zussen' fan Lucinda Riley. "Dy boeken binne net oan te slepen", seit Helfrich, "Hielendal yn it begjin fleagen dy kontinu de doar út."
Top tsien oersette boeken
Top tsien oersette boeken © Omrop Fryslân
FERS levere listjes fan sawol de fan oarsprong Nederlânsktalige boeken as fan oersette boeken.
Yn dy earste kategory stiet ek it boek 'Al mijn moeders: een familiegeschiedenis van analfabeten, armen en arbeiders' fan de Fryske skriuwster Anita Terpstra. Dat docht it ek yn ús provinsje goed.
Top tsien Nederlânsktalige boeken
Top tsien Nederlânsktalige boeken © Omrop Fryslân
"Krekt as by Hylke Speerstra hat ek dat boek wol oandacht krigen en ek it ûnderwerp is wer oansprekkend", neffens Durkje Helfrich.