Hy wie wol klear mei proffuotbal, mar by Cambuur sit Marcel Schaapman op syn plak

Marcel Schaapman yn aksje foar Cambuur
Marcel Schaapman yn aksje foar Cambuur © Orange Pictures
Hy hat der in lange rûte foar ôflizze moatten, mar Marcel Schaapman is op syn plak by Cambuur. De 21-jierrige middenfjilder tekene dizze wike syn earste profkontrakt.
"Een erkenning", sa neamt Schaapman syn nije kontrakt. "Ik heb er hard voor gewerkt en dan is dit de beloning. Ik ben er blij mee."
Cambuur hat Schaapman foar oardel jier fêstlein, mei in opsje foar noch in jier.
"Ik was ooit klaar met profvoetbal"
Schaapman is berne yn Creil, yn de Noardeastpolder. Hoewol't er no by Cambuur op syn plak sit, hat de middenfjilder net altyd likefolle wille yn it fuotbal hân.
Hy begûn mei fuotbaljen yn de jeugd by syn pleatslike klup, dêr't er oant syn alfde spile hat. Dêrnei makke er de oerstap nei Flevo Boys yn Emmeloord. Dêr kaam hy op de radar fan sc Hearrenfean.

"Toch het leukste om te doen"

Schaapman stapte oer nei Hearrenfean, mar ferlear de wille yn it spultsje. "Ik was een jaar of vijftien en had geen zin meer om iedere dag te trainen. Ik was wel klaar met profvoetbal", seit Schaapman. Hy besleat dêrom om wer werom te gean nei Flevo Boys.
Dêr kaam hy op syn santjinde al yn it earste alvetal en fûn er de wille werom. Nei wer trije jier yn Emmeloord, kaam de opsje om nei Cambuur te gean. "Toen dacht ik: voetbal is toch het leukste om te doen, dus ik ga het weer proberen."
No, inkelde seizoenen letter, spilet Schaapman by it earste fan Cambuur en hat hy sels syn earste profkontrakt tekene. Mooglik stiet de middenfjilder freedtejûn yn de thúswedstriid tsjin MVV sels yn de basis.
Cambuur spilet freed om 20.00 oere thús tsjin MVV Maastricht. It kommentaar komt fan Geert van Tuinen.