Ljouwerter stappers oeren earder de kroech út no't fytsestalling earder ticht giet

fystestalling
Fytsen yn de stalling © Omrop Fryslân
Stappers yn Ljouwert dy't by it lemieren fan de dei harren fyts wer út de stalling helje wolle, stean tenei foar in tichte doar. De stalling oan it Saailân giet sûnt dizze wike op tongersdei, freed en sneon om 3.30 oere al ticht, yn stee fan 6.00 oere.
Ta grutte frustraasje fan hoarekaûndernimmers oan it Ruterskertier. Dy binne benaud dat de beheindere iepeningstiden fan de fytsestalling min is foar harren klandyzje.

Oerlêst

"Der binne genôch minsken dy't oant let op stap gean en gebrûk meitsje fan de fytsestalling", seit hoarekaûndernimmer Ton Eijer. "Dy sille no de kar meitsje om de fyts earne oars del te setten of earder nei hûs ta te gean."
Neffens behearder Parkeergarages Leeuwarden en de gemeente Ljouwert is der fan 2.00 oant 3.30 oere hinne sprake fan "een snelle leegloop" yn de kroegen yn it sintrum, wêrtroch't it dêrnei rêstich is yn de stalling. Boppedat soe der yn de lêste oerkes regelmjittich sprake wêze fan oerlêst yn de stalling.
Stappe oant let? Dan komst de fytsestalling net mear yn
"Us byld is dat mar in lytse groep gebrûk makket fan de stalling. In soad minsken sette de fyts al by it Ruterskertier sels", seit wethâlder Evert Stellingwerf. "Minsken kinne it noch altyd sa let meitsje as sy sels wolle, want wy slute de hoareka net earder. Mar sy sille in oar plakje foar harren fyts sykje moatte."

Drokte

It byld fan de leechrin werkent Eijer lykwols net. Neffens him is der ek nei trijen noch drokte yn de stêd. "En it betsjut dat der in hiel soad ekstra fytsen stean komme bûten. Dêr is no ek al in soad oerlêst fan."
Op de earste stapjûn sûnt de nije iepeningstiden, ôfrûne freed, wie it yndie noch tige drok yn de stêd op it stuit dat de stallingen ticht gienen. Minsken dy't har fyts foar 3.30 noch út de stalling helje woenen, moasten dêrom yn guon gefallen earder de kroech út.
In alternatyf stalplak is by de treppen fan it gerjochtsgebou, dêr't op stapjûnen al in soad fytsen stean. "Wy ha op it Ruterskertier al de útdaging om it stallen fan fytsen op oarder te krijen. Wy sille evaluearje wat der bart. Mar wy tinke net dat it ta ûnakseptabele situaasjes liedt", beslút Stellingwerf.
Fytsen by it gerjochtsgebou
Fytsen by it gerjochtsgebou © Omrop Fryslân
Op tiisdei en woansdei is de stalling oan it Saailân just fiif oeren langer iepen: earder wie dat oant 19.00, no is dat oant 0.00. De fytsestalling yn de Sint Jacobsstrjitte giet noch earder ticht: om 1.30 oere al yn stee fan 6.00.