Henk de Jong moat puzelje by start twadde seizoenshelte: "Ik bin der noch net oer út"

Henk de Jong jout oanwizingen
Henk de Jong jout oanwizingen © Dijks Media
De batterij is wer oplaad: SC Cambuur is klear foar de twadde seizoenshelte. Mar foar trainer Henk de Jong is it fuortendaliks puzeljen: hy mist twa fêste krêften yn de ferdigening foar de wedstriid tsjin MVV.
Floris Smand is skorst nei syn reade kaart yn de wedstriid tsjin FC Den Bosch. Sekou Sylla is der ek net by: hy sit mei de nasjonale ploech fan Guinee yn Ivoarkust foar de Afrika Cup.
In ferfanger fine foar dy twa is yn it iene gefal makliker as yn it oare gefal. Dat Jeremy van Mullem it plak ynnimt fan Smand is wol dúdlik. Mar wa is freed dan de linksback? De Jong is der noch net oer út. "It wurdt of Marcel Schaapman of Thomas Poll. Dat is kieze tusken it fuotbaljende fermogen fan Schaapman en de dynamyk dy't Poll bringt."
Henk de Jong sjocht foarút op de wedstriid tsjin MVV
It is al de tredde kear dit seizoen dat Cambuur it opnimt tsjin MVV. Yn Maastricht einige de wedstriid yn 1-1. Letter foar de beker yn Ljouwert wûn Cambuur mei 4-1. It ferskil op de ranglist is fiif punten yn it foardiel fan de Ljouwerters (31 om 26). Cambuur stiet dêrmei achtste, MVV is de nûmer trettjin.
De Ljouwerters sille grif noch wat plakjes klimme wolle yn de twadde seizoenshelte, mar De Jong is net fan doel de latte hiel heech te lizzen. "We binne noch net sa fier as trije jier lyn doe't we kampioen waarden. As we yn de takomst trochgroeie, steane we wer gewoan by de boppeste trije, mar sa fier is it op dit momint net."
It is dúdlik: De Jong triuwt Cambuur it leafst yn de underdogposysje. "Mar we kinne wol hiel goed fuotbalje en oan de ein fan de rit de neikompetysje helje. Mei in fol stadion kinne der dan mâle saken barre."