Minister Kuipers wurdt weromfluite: rjochter draait beslút konsintraasje bernehertsintra werom

Hertsjirurgy yn in bernesikehûs
Hertsjirurgy yn in bernesikehûs © ANP/Hollandse Hoogte/Werry Crone
De plannen om de bernehertsjirurgy te konsintrearjen yn Rotterdam en Grins is foarearst fan de baan. De rjochtbank Midden-Nederlân hat it beslút fan minister Kuipers weromdraaid.
De universitêre sikehuzen fan Leiden, Amsterdam en Utrecht hienen it beslút oanfochten.
Neffens de rjochtbank hat it ministearje net goed ûndersocht oft it wol nedich is om it tal sikehuzen dêr't de hertoperaasjes útfierd wurde kinne werom te bringen fan fjouwer nei twa. It is dêrtroch net dúdlik oft dit beslút "noodzakelijk en evenwichtig en daarmee evenredig is".
Nederlân hat no fjouwer sintra foar bernehertsjirurgy. Ien dêrfan is it Centrum voor Aangeboren Hartafwijkingen Amsterdam-Leiden, opset troch de universitêre sikehuzen fan Leiden en Amsterdam. De oare trije binne fan Utrecht, Rotterdam en Grins.
De beropsgroep is it der wol oer iens dat it tal sintra op termyn werombrocht wurde moat. Dêrtroch stiet de takomst fan de bernehertsjirurgy yn Grins mei it weromdraaien op de langere termyn wer faai.
It is no oan it ministearje hoe't it no fierder moat mei it eventueel wol of net konsintrearjen fan de bernehertsjirurgy.
Je wordt er wel moedeloos van.
Björn Graafstra, heit fan in hertpasjint
By heit fan in hertpasjint Björn Graafstra falt it nijs as kâld wetter op 'e lea. Hy sette him yn foar it behâlden fan it sintrum yn Grins en it liket as oft dat proses fan petysjes en protesten no opnij úteinsette moat.
"Het moet nog even bezinken. We hadden net een vinkje gezet achter dit hele proces, echt een strijd gehad. Het rapport was heel duidelijk. Je wordt er wel moedeloos van."