Teiwaar of net: Nijlemmer skriuwt ek earste koartebaanwedstriid foar froulju út

koartebaan nijlemmer reedriden
De finale fan de koartebaanriden yn Nijlemmer by de manlju © Martin de Jong Fotografie
De earste koartebaanwedstriid foar froulju wurdt ek ferriden yn Nijlemmer. Dat hat de iisklup tongersdeitemiddei bekendmakke. Woansdeitejûn hie de IJsvereniging Nijelamer ek al de primeur foar de manlju.
Dat it yntusken teiwaar is, hoecht neffens de organisaasje gjin probleem te wêzen. "We hebben goed vertrouwen in het weer en de kwaliteit van het ijs", skriuwt de iisferiening. Om 18.00 oere wurdt der in beslút naam oft de wedstriid trochgiet.
De organisaasje hat de ôfrûne dagen in soad fragen krigen fan froulju oft der foar harren ek in wedstriid komme soe. Dêr wolle se graach gehoar oan jaan. "Wij zijn gemotiveerd om er alles aan te doen om dit mogelijk te maken."
De wedstriid begjint om 19.30 oere en hat allinnich plak at der minimaal 24 dielnimmers binne. Dat oantal wurdt wol helle, tinkt Cindy Visser-Cnossen fan IJsvereniging Nijelamer: "We hebben nu al zo'n twintig aanmeldingen. De enige spanning die ik heb is of de kwaliteit van het ijs goed genoeg zal zijn."
De top 5 falt jûn yn de prizen. De haadpriis is 250 euro.