Rekkenkeamer kritysk: "Provinsje moat effekten kultuerbelied better mjitte"

Byld út Un dia nobo
Byld út Un dia nobo © Lucas Kemper
Provinsje Fryslân sil by it foarmjen fan it nije kulturele belied skerpe karren meitsje moatte. Dat seit de Noardlike Rekkenkeamer yn harren ûndersyk nei it kultuerbelied. Boppedat moatte de doelen mjitten wurde, dat gebeurt no kwealik.
'Een bloeiend cultureel leven met de energie en het vermogen om Fryslân in beweging te blijven brengen' is de haadambysje fan it Fryske kultuerbelied Nij Poadium. Mar hoe witte je no oft dit echt slagge is? Net, sa seit de Noardlike Rekkenkeamer yn in spesjaal rapport oer it Fryske kultuerbelied fan de lêste jierren.
"Er zijn mooie deeldoelen geformuleerd waar geld aan is gekoppeld en vervolgens uitgevoerd door de culturele sector. Er is ook wel contact tussen de provincie en het veld over de voortgang", fertelt Anneke Beukers, foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer.
"Maar er wordt achteraf niet gemeten of de doelen zijn behaald." Stilstân is it gefaar, neffens de Rekkenkeamer want der is neat om op foart te borduerjen.
Houtsnije yn Drylts
Houtsnije yn Drylts © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De Rekkenkeamer advisearret om de doelen better en konkreter te mjitten. "Het moet een manier zijn die bij de sector past. Het is geen koekjesfabriek waar we het aantal gebakken koekjes kunnen meten. Maar we hebben te maken met gemeenschapsgeld, dus het is wel belangrijk om te weten of de doelen worden gehaald."
De provinsje jout 21,8 miljoen euro yn it jier út oan kultuer: 15,7 is struktureel en 6,1 is tydlik jild. Der wurdt foar in perioade fan 4 jier fêststeld wa't subsydzje krijt. We sitte no yn it lêste jier fan de perioade 'Nij Poadium', dus der moat wer nij belied foarme wurde.
De Rekkenkeamer sjocht ek dat de sektor noch hieltyd lest hat fan de neisleep fan de coronapandemy. "Wel is men tijdens de coronaperiode goed geholpen om overeind te blijven", sa seit Beukers.
Der is yn 2020 en 2021 yn totaal 2,9 miljoen euro út de lanlike oerheid nei Fryslân gien. Fierder wie de provinsje kûlant mei de easken dêr't de sektor oan foldwaan moast. "Maar de bezoekersaantallen zijn nog niet terug op het niveau van voor corona."
De ôfsluting fan Bosk fan Arcadia
De ôfsluting fan Bosk fan Arcadia © Ruben
In grutter probleem binne miskien wol de tanommen kosten, sa sjocht de Rekkenkeamer. "De energie- en personeelskosten zijn flink toegenomen." Mar ek de fair practice code sil ekstra jild kostje. Dat betsjut dat minsken yn de kulturele sektor in fatsoenlik lean krije moatte, wat no noch lang net altyd it gefal is.
"In de toekomst wordt dit verplicht en dit zal geld gaan kosten. Voor hetzelfde zal dan meer geld moeten komen of de provincie moet haar ambities bijstellen", stelt Beukers.
De provinsje is fan doel om struktureel 1,6 miljoen euro op kultuer en taal te besunigjen. De besuniging is mei in jier útsteld oant 2026.
De sektor sels fynt dat der te min jild foar de hege ambysjes dy't de provinsje hat oer stiet, sa blykt ek út it ûndersyk fan de Rekkenkeamer. Wol fine se dat de ferdieling earliker wurden is, no't der mear nijkommers bykommen binne. Dêrby falt te tinken oan museum Belvédère en museum Dr888. Wol hat it ta mear fersnipeling laat, fynt de sektor.
It rapport is tongersdeitejûn oanbean oan de Provinsjale Steaten, dy't it rapport ynkoarten beprate sille.