Provinsjes wachtsje op stikstofjild Den Haag: "Utfiere prima, mar dan ek de sinten"

Deputearre Femke Wiersma
Deputearre Femke Wiersma © Omrop Fryslân
De provinsjes wolle dat de lanlike polityk mei jild oer de brêge komt om in tal stikstofplannen trochfiere te kinnen. De provinsjes sitte troch de fal fan it kabinet op in heal paad.
"Wy wolle it nije kabinet oproppe om in part fan it jild te jaan", seit deputearre Femke Wiersma. Sy is foarsitter fan de bestjoerlike advyskommisje lanlik gebiet (BAC) fan alle provinsjes. "Wy ha plannen makke, mar sitte no mei in beheinde útfiering, want der komt gjin jild."
Provinsjes easkje aksje fan it Ryk oer stikstof
Demisjonêr minister Christianne van der Wal besleat earder dat de provinsjes de stikstofproblemen oplosse moasten. Der binne plannen ûntwikkele wêryn't de takomst fan de gebieten stiet. Dy wurde de Programma's Landelijk Gebied neamd. Dy plannen binne klear, mar der moat jild komme om dy útfiere te kinnen.
Troch de fal fan it kabinet leit alles lykwols stil.
"It giet om langjierrige finansjele stipe", seit Wiersma. "It betsjut net dat wy folslein efter dat belied stean, mar we moasten dizze kant op fan it Ryk. Wy binne in útfierende laach fan de oerheid en dat is prima, mar dan moatte dêr de sinten ek foar komme."

Wetlike kaders

Dochs sjocht Wiersma de oprop net as in ekstra druk op de formaasje. "Der hinget noch in soad fan de nije politike wyn ôf, mar der binne ek wetlike kaders dêr't wy ús oan hâlde moatte. Om wetten te wizigjen, binne je lang dwaande, dat duorret wol twa oant trije jier. Op dit momint ha wy mei de hjoeddeiske wetjouwing te krijen."
Wiersma sjocht dêrmei nei 2027, wêryn't de Kaderrichtlijn Water fan krêft wurdt. Dat giet oer de wetterkwaliteit en dy moat neffens de wet goed wêze. "Dêr sille wy ús oan konformearje moatte. Oars sneuvelet it wol by de rjochter. Dus dan binne dat paden dy't wy ynslaan moatte."