Huzeprizen yn Fryslân fierder omheech, minder wenningen te keap

te keap, huzemerk, ferhuzje
Oanbod fan huzen sakket © ANP Foto
Keapers krije wer mear fertrouwen yn de huzemerk. Dat hat yn de lêste trije moannen fan 2023 derta laat dat der yn Fryslân goed tsien prosint mear huzen ferkocht binne as yn deselde perioade in jier earder.
Dat meldt de Nederlandse Vereniging voor Makelaars en Taxateurs (NVM). De ferkeap fan nijbouhuzen en kavels giet minder hurd, dat komt troch de hege kosten fan de boutiid en fergunningen.
It tanimmende fertrouwen yn de merk hat ta gefolch dat der minder oanbod is: lanlik stienen der sels noch noait sa'n pear huzen te keap as ein 2023. De NVM pleitet dêrom foar mear wenningbou.
huzebou nijbou
De NVM wol dat der mear nije huzen boud wurde © Shutterstock.com (Henk Vrieselaar)
In hûs yn Fryslân koste yn it lêste fearnsjier hast 348.000 euro. Dat wie 2,2 prosint heger as de trije moannen dêrfoar. Yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier is der sels sprake fan in tanimming fan 7,6 prosint.
Yn Fryslân binne de huzen gemiddeld noch wol altyd in stik goedkeaper as yn de rest fan Nederlân, want de lanlike trochsneed priis foar in hûs wie 434.000 euro.

Regionale ferskillen

Yn it ôfrûne fearnsjier binne der yn Fryslân grutte ferskillen wat it tal ferkochte huzen oanbelanget. Benammen it ferskil tusken Súdeast-Fryslân (-5.5%) en Súdwest-Fryslân (+11%) falt op.
Ien fan de oarsaken fan de delgong yn Súdeast-Fryslân is it tige beheinde oanbod yn regio Hearrenfean: dat is mei goed 20% sakke yn fergelyk mei de trije moannen derfoar.