Liveblog | 11 jannewaris

112-nijs 11 jannewaris: Koade giel om glêdens op diken

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn Fryslân.

Lêst bywurke: 11 jannewaris, 20:57
20:57

Brânwacht makket skoarstienbrân út yn De Westereen

De brânwacht fan De Westereen is der tongersdeitejûn yn slagge om in begjinnende skoarstienbrân yn in hûs oan de Fogelsang yn it doarp fluch út te krijen.
Dêrfoar moast wol in heechwurker en in saneamde ramoneur ynset wurde. Dit is in stik ark mei stikjes stielen ketting. Dêrmei waarden de baarnende resten nei ûnderen slein. Op de grûn waarden dy stikjes wiet makke.
Op dizze wize is foarkaam dat de brân grutter wurden is.
20:22

Wetter streamt út ruten by lekkaazje Ljouwert

Brânwachtlju dwaande mei de lekkerij
Brânwachtlju dwaande mei de lekkerij © AS Media
Der is tongersdeitejûn in wetterlekkaazje ûntstien yn in pân oan de Noordvliet yn Ljouwert. Neffens in korrespondint streamde it wetter út de ruten.
Brânwachtlju moaten in doar forsearje om binnen te kommen. Uteinlik slaggen sy deryn de lieding ôf te sletten.
18:03

Treinen sille wer ride

De treinen fan en nei Zwolle sille wer ride, dat meldt ProRail.
Troch in plysje-ynset yn in trein moast it treinferkear koarte tiid stillein wurde, mar it wurdt no wer opstart.
Reizgers moatte wol rekken hâlde mei fertraging.
17:53

Perrons frijjûn, mar noch gjin treinen

Reizgers op stasjon Zwolle kinne yntusken wer de perrons op, mar se meie noch net de treinen yn.
RTV Oost meldt dat der ien persoan oanholden is. Neffens NU.nl wie der mooglik in man mei in wapen op it stasjon.
De NS seit dat der oant 19.00 oere gjin treinen ride fan en nei stasjon Zwolle. Dat hat dus ek ynfloed op de treinen fan en nei Fryslân.
17:30

Gjin treinen nei Fryslân troch plysje-ynset Zwolle

Reizgers meie net it perron op
Reizgers meie net it perron op © Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese
Der ride op dit stuit gjin treinen fan en nei Zwolle, dus ek net yn de rjochting fan Fryslân.
Neffens de NS komt dit troch in ynset fan de plysje. Wêrfoar't dizze ynset is, is net dúdlik.
Der sirkelet in plysjehelikopter boppe it stasjon. Reizgers meie de perrons net op. It treinferkear soe oant ûngefear 18.30 oere stillizze.
17:25

Jouster feroardiele foar bedriigjen húsdokter

In 52-jierrige Jouster is feroardiele ta 30 oeren wurkstraf ûnder betingst om't er in meiwurker fan de húsdokterspraktyk yn it doarp bedrige hat.
It ynsidint barde op 28 juny ferline jier. De man soe by de praktyk drige ha dat er in mes yn 'e bûse hie en de doktersassistinte delstekke woe. Neffens de frou makke er in beweging nei de bûse, krekt oft er in mes pakke woe.
De man hat neffens syn advokaat in slepend konflikt mei de húsdokter. Hy fynt dat de húsdokter net goed omgiet mei syn problematyk. Ek soe er net de goede medikaasje krije.
Rjochtbank
De rjochter leaude neat fan de ferklearring fan de Jouster © Shutterstock
De Jouster betsjûge spyt by de sitting. Syn redenearring wie dat er syn telefoan út de bûse pakke woe om syn doktersôfspraak sjen te litten. De rjochter fûn dat in nuvere ferklearring: "Het komt mij niet logisch voor om in uw boosheid een telefoon te pakken om te laten zien dat u een afspraak hebt."
De reklassearring advisearre in ambulante behanneling en tasjoch fan de reklassearring. Dêr koe de Jouster him wol yn fine. De klam moast ek op de behanneling lizze, fûn de rjochter. By sa'n behanneling krijt de man help foar syn psychyske swierrichheden yn koarte behannelingssesjes. De rjochter ferbûn oan de wurkstraf ûnder betingst in proeftiid fan twa jier.