Riders út Australië, Portugal en Ingelân, mar Kamp fan Roden is de rapste yn Nijlemmer

Gijs Kamp yn Nijlemmer
Gijs Kamp mei de beker dy't heart by de oerwinning © Martin de Jong
Gijs Kamp fan Roden hat de alderearste koartebaanwedstriid op natueriis fan dit seizoen op syn namme skreaun. Yn Nijlemmer wie er yn de finale flugger as Johan Talsma fan Hallum.
Talsma wie ferline jier noch de winner yn Nijlemmer.

Foarearst wer klear

Mei 74 dielnimmers stie der in rekôrtal riders oan de start yn Nijlemmer. De wedstriid hie mei dielnimmers út Finlân, Australië, Ingelân, Nij-Seelân en Portugal sels ynternasjonale alluere.
Kamp fan Roden de rapste yn Nijlemmer
De koartebaanwedstriid yn Nijlemmer is foarearst ek wer de lêste, want fan tongersdeitemiddei ôf wurdt it teiwaar.