FIDEO: Froast makket ek slachtoffers, fernimt opfangsintrum De Fûgelpits

Foar ús minsken stiet froast faak lyk oan winterwille. Mar dat jildt net foar in soad bisten. Opfangsintrum De Fûgelpits yn Moddergat hat him al ûntfermje moatten oer de earste winterslachtoffers.
Sa waard der in ljip binnenbrocht dy't al flink fermeagere wie. Troch de froast is de grûn tige hurd wurden en dêrtroch is it dreech om genôch fretten te finen foar in ljip.
"Hy stiet no wer op 'e poatsjes, earst lei er allinne mar", seit Cornelis Jan Cuperus fan de opfang. It giet stadichoan better mei de fûgel. Der waard ek in swan binnenbrocht dy't fêstsiet yn it iis en opknappe moat fan in brutsen poat.