Groenewoud wint ek twadde maraton op natueriis, Visser teloarstellend tredde

Marijke Groenewoud komt oer de streek yn Noordlaren
Marijke Groenewoud komt oer de streek yn Noordlaren © Persbureau Meter
Marijke Groenewoud wie ek by de twadde maraton op natueriis oppermachtich. Yn Noordlaren wie sy - op 'e nij - de fluchste. Harm Visser hie lykwols minder lok. Dêr't er tiisdei wûn, einige hy no op plak trije.
Doe't de belle foar de lêste ronde klonk, wie it noch hielendal net wis dat de 24-jierrige Groenewoud fan Grou winne soe. Sy ried op in tredde posysje en moast noch fan fier komme.
Dochs slagge it har om lâns de bûtenkant by har konkurrintes del te riden. Yn de lêste 300 meter makke sy it ferskil: sy skeat foarút en helle mei sprieden earms de twadde oerwinning binnen.
De top trije bestie út deselde frouju as by de earste maraton, al wie it stuorke wikseljen foar Kiel en Van Loon. Want tiisdei stie Kiel op twa en Van Loon op trije, no wie it krekt oarsom.

Harm Visser koe net fuortkomme

By de manlju like Harm Visser fan de Westereen lang goede saken te dwaan. It reedriden by de manlju liet yn 't earstoan in selde byld sjen as by de froulju. Nei in ronde as 20 wie der in fyftjintal riders dy't him losmakke hie fan de oaren.
It wie it ideale senario foar Visser, mar dochs mocht it net sa wêze. Yn de lêste trije ronden gie it tempo flink omheech. Visser ried lang op in twadde plak. Daan Gelling besocht noch fuort te kommen, mar dat slagge net.
Hoolwerf wûn de striid, Visser (yn it giel) einige as tredde
Hoolwerf wûn de striid, Visser (yn it giel) einige as tredde © Persbureau Meter
Dêrnei kaam it krúsjale momint, om de lêste bocht hinne. Visser waard fêstset troch Evert Hoolwerf. Visser hie flugger de lêste bocht yn moatten om syn eigen line ride te kinnen, mar dat slagge net. Hy skode fuort en rekke syn balâns kwyt.
Hoolwerf pakte it earste plak, folge troch Jordy Harink. Harm Visser kaam op it tredde plak telâne. In dei earder wie de winst noch wol foar him, mar yn Noordlaren slagge dat net.
De froulju op de baan
De froulju op de baan © Persbureau Meter
Winterswijk hie tiisdei al de eare om de earste maraton op natueriis fan dizze winter te organisearjen. De striid om de earste maraton op natueriis gie dit jier tusken Winterswijk en Haaksbergen. Reedrydbûn KNSB keas foar Winterswijk, dy't it noch nea earder organisearre.
Dêrnei liet Haaksbergen rekreanten op de baan, wêrtroch't de kwaliteit fan it iis hurd minder waard. Sadwaande wie no Noordlaren oan bar. It Grinslanner plak organisearre al earder de earste maraton op natueriis, yn 2021 barde dat foar it lêst.