Boargemaster Cazemier set Skylger polityk oan 'e bak: “Niet elke dag de wave”

Roel Cazemier
Roel Cazemier © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De polityk op Skylge moat oan 'e bak. Dat makke de nije waarnimmend boargemaster Roel Cazemier dúdlik yn syn nijjierstaspraak.
Cazemier is oansteld om oarder op saken te stellen op it eilân, nei in perioade fan polityk harrewarjen en it fuortgean fan boargemaster Caroline van de Pol. Mar dat kin hy net allinne, makke Cazemier dúdlik.
"Ik doe vanaf deze plek dan ook een beroep op u allemaal, raad, college, fracties en politieke partijen, om bij te dragen aan het herstel van goede verhoudingen."
Cazemier sei koartlyn te finen dat Skylge de taken fan de gemeenteried en it kolleezje better fan inoar skiede moat. Troch rekkenskip te jaan fan dualisme, moatte de politike ferhâldingen ferbettere wurde. De ried is opdrachtjouwer en kontroleur en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is útfierder fan belied.
Yn in lytse eilângemeente kin soks wolris trochinoar rinne. Dêrom moatte de mouwen opstrûpt wurde, is de boargemaster fan betinken.
"Natuurlijk is het ook weer niet zo dat we vanaf nu met z'n allen in een rimpelloze politieke vijver terecht zullen komen en dat we elke dag de wave doen. Dat hoeft ook niet", sei hy mei de taspraak.

Wichtige beslissingen

Mar stilsteand wetter is net sûn, liet hy ek witte. Der moat wat feroarje, want der komme ek wichtige beslissingen oan. De haven fan West-Skylge moat oanpakt wurde, Skylge wol huzen bouwe foar de jongerein en it evenemintebelied moat ek noch fêststeld wurde.
Cazemier sjocht it wurkjen oan it betrouwen en de ferhâldingen tusken boargemaster, wethâlders en gemeenteried as in 'bysûndere opdracht.' Hy bliuwt optimistysk, mar seit wol dat it 'in drok jier' wurdt.