Nazi-jager Jack Kooistra grutsk op film oer syn libben: "Ik ha blykber belangryk west"

Jack Kooistra fan Ljouwert
Jack Kooistra fan Ljouwert © Omrop Fryslân
"Ik ha nea witten dat ik sa wichtich wie." Dat wie de reaksje fan de 93-jierrige Jack Kooistra fan Ljouwert op de dokumintêre dy't oer him makke is. Hy seach de film 'Hunting Jack' woansdei foar it earst yn wensoarchsintrum Bennemastate yn Hurdegaryp dêr't hy no wennet.
Kooistra hat tsientallen oarlochsmisdiedigers opspoard en ferhalen fan tsientûzenen slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch optekene.
Justitie deed niks, dus toen dacht ik: dan moet ik het maar doen.
Nazi-jager Jack Kooistra
Kooistra wie fuotbalskiedsrjochter op heech nivo en rjochtbanksjoernalist. Hy is foaral ferneamd wurden as nazi-jager. Hy waard dêrom ek wol de Fryske Simon Wiesenthal neamd. Sa hie er in belangrike rol by de opspoaring fan kampkommandant Herbertus Bikker en NSB'er Jacob Luitjens.
Yn de dokumintêre fertelt Kooistra dat "deze opsporing een vorm van wraak is. Justitie deed niks, dus toen dacht ik: dan moet ik het maar doen."
Jack Kooistra wie ûnder de yndruk fan de dokumintêre
Jack Kooistra wie ûnder de yndruk fan de dokumintêre © Omrop Fryslân
Kooistra sammele 180.000 nammen fan oarlochsslachtoffers. De earste wie de fiskboer Jan Hendrik Venema fan Hurdegaryp dy't sneuvele yn de earste oarlochsdagen by de Ofslútdyk.

Auschwitz

Hy skreau alle gegevens op kaartsjes, ek dy fan de Joadske slachtoffers. "Ik heb me hun lot altijd aangetrokken. Toen ik voor het eerst in Auschwitz was, liep ik langs een vitrine met babykleertjes. Ik kon geen stap meer verzetten. Hoe krijg je het in je hersenen om kinderen ter vermoorden", fertelt Kooistra yn de film.
De dokumintêre is makke troch filmmakker Hidde de Vries en Videobrouwers fan Ljouwert. 'Hunting Jack' gie yn novimber op it Noardlik Filmfestival yn premjêre.
Nei alle gedachten sil 'Hunting Jack' dêrnei yn ferskate lannen te sjen wêze. Ek Omrop Fryslân en de NPO sille de dokumintêre útstjoere.
Kooistra bliuwt in strider foar rjochtfeardigens. Dêrom sammelet hy op syn keamer yn Hurdegaryp noch hieltyd nammen fan slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch en de striid yn Nederlânsk-Ynje.
Kooistra skriuwt alle gegevens op lytse kaartsjes dy't nei it priveemuseum yn Loosdrecht ta brocht wurde. Dêr komme se te lizzen yn fitrines fol mei foto's, dokuminten en artikels oer it libben en wurk fan Kooistra.
Nazi-jager Jack Kooistra grutsk op film oer syn libben
By de filmpresentaasje yn Bennemastate wiene fjouwer boargemasters út de Noardeasthoeke fan Fryslân dêr't Kooistra opgroeide. Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel fertelde dat minsken as Kooistra de libbenslessen fan de skiednis ferkundigje. "Want ook nu hebben we te maken met extremisme en antisemitisme. En dat mogen we nooit toestaan."

Unrjocht

Syn kollega Oebele Brouwer fan Achtkarspelen dy't as âld-offisier fan justysje Kooistra noch meimakke hat as rjochtbanksjoernalist, is it dêrmei iens. "Hy hat tige wichtich west yn de striid tsjin ûnrjocht. Dêr moatte him tankber foar wêze", seit Brouwer.