It wie 'no of noait' foar reedriders: de twadde iisdei yn Fryslân

Dit wie de twadde iisdei yn Fryslân
Dêr't in dei earder al op natueriis riden waard, koene woansdei ek tal fan banen de iisflier iepenje foar it reedrydpublyk. Wa't wat earder út it wurk mocht, socht natuer of baan op.
Tsientallen iisferieningen smieten it stek iepen en lieten de leafhawwers fan de glêde baan ta.
Hoewol't de dikte fan it iis it lang net oeral taliet, wie it ek in kwestje fan 'no of noait.' Tongersdei komt de temperatuer al wer boppe nul te lizzen.