In oade oan de hynst en de merje: sjoch hjir nei de jubileumshow fan it KFPS

De jubileumshow fan it KFPS
De jubileumshow fan it KFPS © Omrop Fryslân
Trije dagen lang seach de hiele hynstewrâld nei Ljouwert, foar de hynstekeuring yn it WTC. Mei oerdeis clinics, keuringen en wedstriden en yn de jûn in spesjale jubileumshow.
Dy show yn in sfearfolle arena, mei tal fan spesjale ljochtprojeksjes, is om omtinken te jaan oan de 145e jierdei fan it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek. "Het ontstaan van het stamboek en het ontstaan van het Friese Ras worden uitgebeeld", fertelt organisator Bas Verhoeven.
It ferhaal giet oer hynsten, mar it is ek in oade oan de merjes. Sa binne der bygelyks seis heechkwalifisearre merjes te sjen en harren amazônes dy't in show opfiere.
Sjoch hjir nei de jubileumshow:
De jubileumshow wurdt jûn om 22.30 oere ek útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje.