Mads Wittermans yn Gaza: "Ik hoorde vliegtuigen aankomen en bommen exploderen"

Mads Wittermans yn The Meeting
Mads Wittermans yn The Meeting © Theater Producties Wittermans
Akteur en teätermakker Mads Wittermans is in man fan utersten. Mei drank en drugs holp er himsels hast de fernieling yn. Oan de oare kant set er him yn foar de ynwenners fan Gaza.
Hy toert no troch it lân mei in stik oer syn striid tsjin alkoholferslaving. De soan fan de Fryske akteur Joop Wittermans wie as bern dreech te stjoeren. Mads: "Ik heb mijn zwemdiploma gehaald en dan houdt het op."
Mads en Joop Wittermans yn Vader en Zoon (2021)
Mads en Joop Wittermans yn Vader en Zoon (2021) © Mads Wittermans
Syn heit naam him as bern wol gauris mei as er sels spylje moast. Sa kaam Mads al ier yn oanrekking mei de wrâld fan it teäter.

Lilk

Hy wie in drok jonkje dat nea stil siet. "Ik heb kokend bloed in mijn lijf en ben heel lang boos geweest." Ferskate emoasjes lykas bygelyks fertriet, eangst en ûnwissens, bedarren by him yn ien en itselde laatsje: it laatsje fan de lilkens.
Lilkens behearske lange tiid syn libben. Hy koe it kwyt yn syn punkband en yn kompromisleas libjen. En hy naam in soad drank en drugs. "Ik zoop whisky als water."
Mads Wittermans waard yn 1977 berne yn Drachten. Hy hat meispile yn de films Van God Los, Phileine zegt sorry, De scheepsjongens van Bontekoe en De schippers van de Kameleon, en yn de searjes Fort Alpha, Flikken Maastricht, Penoza, Baantjer en Mocro Maffia. Syn nijste stik The Meeting rint sûnt oktober ferline jier.
Hy flechte yn de alkohol. De drank twong him ek op 'e knibbels. In pear kear is er foar de dea weihelle en kaam er by yn it sikehûs. Hy moast der wat oan dwaan. Om fan syn dranksucht ôf te kommen hat er yn Skotlân in ôfwenprogramma folge.

Gaza

Mads koe him bot opwine oer wat him sels oerkaam, mar ek oer ûnrjocht dat minsken inoar oandogge. Hy is dêr hiel stellich oer: "Godsdienst of staat maakt niet uit, geweld is iets wat we NIET doen. Gaan we NIET doen. Punt uit."
Foar in teätergearwurkingsprojekt Grins-Gaza koe er yn 2020 in skoftsje wenje en wurkje yn de Palestynske steat.
Teäter wie hiel populêr dêr. Der kamen altyd in soad taskôgers op ôf. Yn Gaza is de needsaak grut om mei-inoar te kommunisearjen en ferhalen te fertellen, leit Mads út.

Utlitklep

Syn taak wie lesjaan en meihelpe mei regissearjen. Foar de jongfolwoeksenen, mei wa't er wurke, is teäter in útlitklep.
Sa wie der in jonge dy't troch in oarlochstrauma jierrenlang gjin wurd mear sprutsen hie en dy't nei in pear moanne in hiele monoloog hâlde. Hy hie no in feilich plak krige om syn gefoel ta te litten en der wat mei te dwaan.
Ik hoorde de vliegtuigen aankomen en de bommen exploderen.
Mads Wittermans oer syn ferbliuw yn Gaza yn 2020
De oarloch mei Israel wie yn 2020 noch net yn alle heftigens losbrutsen. Der wiene wol spanningen en it koe gefaarlik wêze. Al wiene de Gazanen der noch navenant rêstich ûnder.
"Ik hoorde de vliegtuigen aankomen en de bommen exploderen. Tegelijkertijd hoorde ik ook de ijscokraam en dat er buiten aardbeien verkocht werden. 's Nachts was ik Harry Potter aan het lezen, terwijl het hele hotel trilde."

Iepenloftfinzenis

Mads makke freonen yn Gaza. Doe't er wer fuort moast, fûn er it dreech dat hy wol út de iepenloftfinzenis wei koe en dat sy opsluten bleaune. Guon Gazaanske freonen namen foargoed ôfskie fan him.
En no is de situaasje yn it lân, lykas bekend, folle folle slimmer wurden. Mads stjoert tekst- en spraakberjochten oan syn freonen en kunde. De kontakten rinne ek fia Facebook of Instagram.
It is altyd de fraach oft der wol antwurd komt. Libje se noch wol? Fan in goede freondinne binne alle trije de bern swier ferbaarnd. Har man slim is slim ferwûne. Hûs fuort, alles fuort. Dat is oarloch.
Voor Gaza zijn betekent niet automatisch tegen Israel zijn.
Mads Wittermans is foar de minsken
De Gazanen binne bot teloarsteld dat de wrâld neat docht, is Mads syn persoanlike ûnderfining. Wêrom wurde sy net sjoen as minsk?
Gjinien dy't er moete hat en mei wa't er wurke hat, is pro-Hamas. Fan de Israeliërs mei wa't er yn de kunde kommen is yn Jeruzalem, is gjinien foar Netanyahu en foar dizze oarloch. En dochs bart it.
Nederlân docht ek neat, fynt Mads. Want it is in yngewikkeld konflikt, sa wurdt faak tocht. "We zijn allemaal tegen genocide, maar grijpen niet in. Voor Gaza zijn betekent niet automatisch tegen Israel zijn. Ik ben voor de mensen."
Mads Wittermans omkommen Gazaanske freon Ahed Abu Hamda
Mads Wittermans mei achter him in omkommen Gazaanske freon, Ahed Abu Hamda © Mads Wittermans
"De machteloosheid greep me naar mijn strot. Het Freedom Theater is leeg gehaald. Dichters, dansers en theatermakers zitten allemaal vast. Dat zijn geen grote terroristen." Syn freon Ahed Abu Hamda kaam om.
In Nederlânske organisaasje as Een Ander Joods Geluid seit ek dat Netanyahu it minste is wat harren oerkaam is. De minsken dy't yn Israel protestearje tsjin syn rezjym wurde mei grof geweld oanpakt.
Sjoch hjir nei it wiidweidige petear dat Willem de Vries hie mei Mads Wittermans:
Mads is no 46 jier en hat trije bern. Hy libbet noch wol faak yn de fyfde fersnelling mar hy kin it stjoere. Boppedat nimt er himsels minder serieus. Sa lilk as er foarhinne wie, is er net mear.
Mei lilkens berikst de minsken net, do twingst se yn de ferdigening. It is net de skuld fan de oaren, do bist sels ferantwurdlik foar dyn eigen lok.
Mads Wittermans
Mads Wittermans © Theater Producties Wittermans
Privee hat er faak op it rantsje libbe, mar de teäterwrâld hat him binnenboard hâlden. Hy krige syn alkoholisme ûnder kontrôle en kaam derachter dat drank net it probleem wie. It probleem wie er sels.

The Meeting

Mei syn stik oer de striid tsjin alkoholferslaving toert er op dit stuit troch Nederlân. The Meeting is yn Fryslân te sjen op 3 febrewaris yn Snits, en op 10 febrewaris op It Hearrenfean. Foar mear ynformaasje oer it stik, sjoch hjir.

Helpferliener

Mads hat ek wat nijs by de ein. Hy brûkt syn persoanlike ûnderfining om oaren te helpen. Njonken syn aktearwurk wurdt er ek helpferliener foar famylje en neisten fan ferslaafden.
Nei in oplieding is er dêr no klear foar: "Nu kan ik mensen gaan helpen. Dat lijkt me ook wel eens goed."

Muzyk útsocht troch Mads Wittermans

Artyst Titel
Amy Winehouse Rehab
Ian Siegal The Fear
Mc Abdul Shouting at the Wall
Slapshot Old Tyme Hardcore
Judge The Storm