Nije koepel en 250.000 euro moatte Wier ferlosse fan radar-misêre

Wier
Sa komt de koepel oer de radar © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De lûdsoerlêst troch de radar yn Wier moat ferline tiid wêze. Woansdei wurdt der in koepel oerhinne pleatst. Dy moat der mei foar soargje dat omwenners gjin lêst mear ha fan de ynstallaasje. De radar sels is ek ûnder hannen naam.
Nei 40 jier tsjinst dien te hawwen, waard de ferâldere radar fan Wier yn 2020 ferfongen troch in hypermoderne ferzje. Dy soarge lykwols foar in soad oerlêst.

Lûdshinder en steuringen

Omwenners hienen net allinnich lêst fan it lûd, mar makken ek melding fan steuringen yn de wifi, lampen en telefyzjetastellen. Yn de rin fan tiid ha definsje en produsint Thales in soad testen dien, mar in oplossing is nea fûn.
Minister fan Definsje Henk Kamp besleat dêrom yn 2021 in koepel oer de radar te pleatsen. Tagelyk is de radar sels ek oanpast.
Wier
It giet dan om in oanpassing yn de oandriuwing. It idee dêrfoar kaam fan doarpsbewenner Hans Blanksma. "Ik ha dêr yn it begjin by west. Ik ha se doe sein dat de oandriuwing net sa is as in engineer dat betinke soe."
Dy maatregel allinnich al moat de lûdsoerlêst beheine. "Yn kombinaasje mei de koepel sil it altyd lûd redusearje, mar as it wer sa wurdt as foarhinne, dat moatte we ôfwachtsje."

Strieling

De kommende tiid moat út ferskate testen bliken dwaan oft de oanpassings ek echt wurkje. Dêroer hopet definsje sa gau as mooglik dúdlikens te krijen.
De befiningen yn Wier binne nammentlik ek fan belang foar oare plakken yn Nederlân, bygelyks Herwijnen yn Gelderlân dêr't definsje ek in radar pleatse wol. Omwenners dêr binne benammen ek benaud foar strieling.
De SMART-L radar yn Wier
De SMART-L radar yn Wier © Omrop Fryslân
Yn Wier is earder al ûndersyk dien nei strieling troch de radarynstallaasje. Dat waard dien op oantrúnjen fan de belangegroep Kerngroep Radar Wier. Sy ha ferskate krityske saakkundigen frege nei har miening en ek sy sizze dat de ynstallaasje foldocht oan de noarm.
Mar ek, sa seit foarsitter Johan Wijnsma, dat net útsletten wurde kin dat de strieling fan de radar skealik is. Wijnsma: "Vanuit het dorp zeiden mensen dan ook dat je bij twijfel niet over moet steken."
Definsje is it doarp al yn 'e mjitte kaam, seit Wijnsma. "Om de twee jaar wordt de straling gemeten. Als dat te hoog is, dan gaan ze kijken naar wat er aangepast gaat worden."
Dochs wolle ynwenners fan Wier saneamde 'blanking': dat hâldt yn dat de radar útset wurdt as dy yn 'e rjochting fan Wier stiet. Definsje wol dêr foarearst net oan.

Wurdearring foar Wier

As blyk fan wurdearring foar de oerlêst dêr't it doarp sa lang mei te krijen hie, stelt it ministearje fan Definsje 250.000 euro beskikber foar Wier. Dat moat brûkt wurde foar ferduorsuming fan it doarp, in projekt dat koördinearre wurdt troch de Kearngroep Wier.
De radar yn Wier
De radar yn Wier © Omrop Fryslân, Aise van Beets
In noch op te rjochtsjen stichting Duurzaam Wier wol dêrmei oan de slach. Sa lizze der al plannen foar de pleatsing fan sinnepanielen op dakken fan buorkerijen, mar der wurdt ek sjoen nei mooglikheden foar de produksje fan wetterstof.
Oer dy bydrage fan Definsje binne Keamerfragen steld. Om't der noch in fergunningproseduere rint, soe it kompensaasjebedrach fan 250.000 euro ek sjoen wurde kinne as in foarm fan beynfloeding.
Christophe van der Maat
Christophe van der Maat © ANP
As antwurd skriuwt demisjonêr steatssekretaris Christophe van der Maat fan Definsje lykwols dat it giet om in 'blijk van waardering'. Benammen om't de radar yn it begjin fan de oarloch tusken Ruslân en Oekraïne dei yn, dei út draaide.
Van der Maat sjocht it as 'een betaling achteraf als het gevolg van overmatige hinder die de omgeving jarenlang heeft getolereerd'.