Aron Veninga learde it spyljen yn tsjerke: "God mei him soms wolris wat mear sjen litte"

Aron Veninga
Aron Veninga © Aron Veninga
Aron Veninga fan Ljouwert is kristlik, muzikant en learaar. Soms fynt er dat God him wolris wat mear sjen litte mei, mei al dy ellinde yn de wrâld, fertelt er yn in iepenhertich petear oer syn leauwen en muzyk.
Veninga hat in drok bestean. Hy is troud, hat jonge bern en der is noch ien kommendeweis. Hy jout Nederlânsk en muzyk op hafû-ateneum Comenius Mariënburg yn Ljouwert.
Syn leafde foar muzyk kin er goed brûke yn de skoalleband dêr't er by belutsen is.
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries foar Noardewyn 1 op 1 hat mei Aron Veninga:
Dat er learaar wurde soe, hie Veninga net tocht. Yn tsjinstelling ta it learaarskip hat er oer de muzyk nea syn twivels hân.
Muzyk wie der altyd. Yn groep 6 fan de basisskoalle moast er in ynstrumint útkieze en dat waard de gitaar.
Aron Veninga waard yn 1989 berne yn in kristlik nêst yn it Noard-Hollânske Andijk. Op syn fjirde ferhuzen se nei Wynjewâld en begûn Veninga ek Frysk te praten. Hy hat yn Grins studearre en wennet no mei frou en bern yn Ljouwert.
Hoe sit it no mei dy talen. Frysk of Nederlânsk? Nederlânsk is de taal fan syn hert, leit Veninga út. It uterjen fan emoasjes en it skriuwen fan songteksten giet yn it Nederlânsk. Dat leit him it bêste. Fryslân is de provinsje dêr't er grut wurden is en dêr't er him thúsfielt.
"Fryslân is myn provinsje. Hjir fiel ik my thús. It Nederlânsk is de taal dêr't ik my thús yn fiel."
It is in dream fan my om myn eigen muzyk ûnder in nulle wei te hearren.
Muzikant Aron Veninga
Syn nije plaat is dus Nederlânsktalich. Veninga slút net út dat er op iennich momint ea ris yn it Frysk sjonge sil, want hy wol graach nochris meidwaan mei it festival Liet.
Dy nije plaat komt út op cd en op finyl. Dat lêste hat wat spesjaals foar him. "It is in dream fan my om myn eigen muzyk ûnder in nulle wei te hearren. Muzyk op lp ôfspylje, genietsje fan it fysike aspekt fan de muzyk, is it aldermoaiste dat der is."
Tsjerke en leauwen binne wichtich foar him. Dêr komt er iepentlik foar út.
Dochs makket er gjin gospelmuzyk. Syn songteksten besiket er sa te skriuwen dat leauwigen it kristlike aspekt deryn werkenne, lykas de leafde foar God. It kin ek oer de leafde foar in man of in frou gean, wurden dêr't ek net-leauwigen harren yn fine kinne.

Poadiumûnderfining yn tsjerke

Troch faak yn tsjerke op te treden yn de begeliedingsband hat er leard om foar taskôgers te spyljen. "Dat is wol wat oars as wat pingelje op dyn sliepkeamer."
Muzyk is dynamysk, mar taal is dat ek.
Aron Veninga oer feroarings yn de Nederlânske taal
Njonken muzikant is er ek learaar Nederlânsk. Fynt hy dat de Nederlânske taal de lêste jierren feroare is?
Veninga: "Muzyk is dynamysk, mar taal is dat ek." Feroaring kin positive kanten hawwe. Jonge minsken kinne kreatyf wêze mei taal. Sa is de taal bygelyks ynklusiver wurden wat gender en identiteit oanbelanget.

Ofnimmende taalbehearsking

Oan de oare kant nimt de taalbehearsking ôf. Dat is foar Veninga wol in punt fan soarch. Troch smartphones, WhatsApp en TikTok is der in protte ôflieding.
"De bern moatte leare om in tekst te lêzen. Dêr langer as in pear sekonden oer nei te tinken. Smartphones meitsje dat se gau ôflaat binne."
Aron Veninga
Aron Veninga © Aron Veninga
It ûnderwiis op himsels is ek feroare. By him sitte de bern de measte tiid noch wol âlderwetsk 'yn de busopstelling' yn it lokaal, fertelt Veninga.
Digitaal leare is in wichtich ûnderdiel fan it ûnderwiis wurden. En no soene smartphones ferbean wêze yn de klasse. Mar hielendal sûnder kin hast net, tinkt Veninga. De telefoans sitte yn in telefoantas by de doar. De learlingen kinne se ophelje as se de telefoan brûke moatte foar it skoalwurk.

Net werom nei de stientiid

Trouwens, Veninga brûkt de telefoan sels ek foar ûnderwiistaken. "Wolst ek net werom nei de stientiid fan pinne en papier. It wurdt noch in drege put om út te sykjen hoe't it dan wol moat mei dy smartphones yn de klasse."
Foarkant plaat 'Bij Jou' Aron Veninga
'Bij Jou' fan Aron Veninga © Aron Veninga
Yn syn frije tiid is Veninga drok mei de muzyk. De seis nûmers op syn nije plaat Bij jou gean oer fertroudheid, thús wêze en dy thús fiele yn kombinaasje mei in soart romantysk gefoel, leit er út.
Leafde foar syn frou en syn bern, kombinearre mei it kristlike leauwe. Mar ek datst net alles seker witst, want de wrâld is net perfekt. Dat sit der ek yn.

Soargen

Iepenhertich fertelt er dat der wolris twivel yn him opkomt, as er nei al dy oarloggen yn de wrâld sjocht. Hy makket him soargen oer hoe't it komt. "De God dêr't ik yn leau, mei him yn myn eagen soms wolris wat mear melde."
"It is goed om te leauwen yn eat dat goed is en dat treast jaan kin. Mar de situaasje yn de wrâld ropt ek fragen op. Wêrom is der safolle oarloch? Wêrom hawwe safolle bern gjin hûs? Wêrom groeie se op yn de meast ferskriklike omstannichheden?
"Sokke twivels hawwe de measte minsken wol, tink ik. Mar leauwen is ek fertrouwen. It net seker witten."

Muzyk útkeazen troch Aron Veninga

artyst titel
Aron Veninga Wonen waar jij bent
Mark Knopfler What it is
Stef Bos Het lied van Ruth (Jouw land is mijn land)
Piter Wilkens It paad werom
Jan Henk de Groot Wènst noar wènst