sc Hearrenfean rekket belangrike ynkomsteboarne kwyt: haadsponsor hâldt op

orange
Ausnutria wie sûnt 2021/2022 shirtsponsor by sc Hearrenfean © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean moat op syk nei in nije haadsponsor. Suvelkonsern Ausnutria hâldt nei fjouwer seizoenen op fanwegen minne merkomstannichheden.
It haadsponsorskip fan Ausnutria smiet Hearrenfean sa'n 650.000 euro yn it jier op. Dy ynkomsteboarne falt no dus fuort.
Neffens ynterim-direkteur Bart van der Meer fan Ausnutria hat it beslút te krijen mei de fermindere ekonomyske situaasje fan it bedriuw. "Door recentelijke ontwikkelingen in ons belangrijkste afzetgebied China en daaruitvolgende reorganisatie zijn we genoodzaakt om te stoppen als hoofdsponsor."

Reorganisaasje

Dy mindere situaasje soarge der ferline jier ek al foar dat it bedriuw sechstich banen skrast by de fêstiging yn Ljouwert. Ausnutria ferwachte boppedat noch in fierdere reorganisaasje.
Kommersjeel manager Martin Koopman fan sc Hearrenfean fynt it spitich dat de gearwurking oan de ein fan it seizoen foarby is. "Bij een goed hoofdsponsorschap als deze, snijdt het mes altijd aan twee kanten. Ik ben ervan overtuigd dat we elkaar de afgelopen jaren enorm hebben versterkt."
"Nu is het aan ons om vooruit te kijken en nieuwe mogelijkheden voor de komende seizoenen te verkennen", beslút Koopman.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries neamt it beslút in domper foar Hearrenfean. "Mar it is net kompleet ûnferwachte. Ik nim oan dat Hearrenfean dit ek wol in bytsje oankommen seach. Se hawwe no alle tiid om in nije te finen, of miskien hawwe se dy sels al."

"Se moatte wol echt de boer op", seit De Vries. "Ausnutria smiet sa'n 650.000 euro op, mar as se echt rjochting in klup as FC Utrecht wolle, moatte se wol rjochting in haadsponsor dy't 800.000, 900.000 opsmyt. Mar oft dat realistysk is, bin ik wol benijd nei. Wat dat oanbelanget komt der wol druk op de kommersjele ôfdieling te lizzen."