230 skippen moatte opnij keurd wurde: kin de brune float útfarre op 1 april?

In skip fan de brune float hâldt efkes skoft op it Waad
In skip fan de brune float hâldt efkes skoft op it Waad © Shutterstock.com (TasfotoNL)
Kin myn skip noch wol útfarre? It is de fraach dy't by in soad skippers fan de brune float libbet. Oer tsien wiken set it farseizoen útein, mar alle 230 skippen moatte op 'e nij keurd wurde. De wize wêrop smyt soargen op.
De stielen mêsten fan de Rode Swan steane al tritich jier oerein. Alle jierren komt de mêst ek troch de keuring. Mar as der neat feroaret oan de nije keuringsregels, kin it wêze dat de mêst krekt foar it seizoen noch ferfongen wurde moat.
Alle 230 skippen fan de brune float moatte op ’e nij keurd wurde
"Er wordt al dertig jaar op dezelfde manier gemeten bij ons schip en het is altijd goedgekeurd", fertelt Dorette Spaans, eigener fan de Rode Swan. "Dat ging via bepaalde sterkteberekeningen. Als de inspectie nu ineens met nieuwe waardes gaat rekenen, kan het lijken alsof de mast en giek niet sterk genoeg zijn."

Float ûnder in fergrutglês

De brune float leit ûnder in fergrutglês nei twa fatale ûngelokken yn 2022. Yn de kommende tsien wiken moatte alle 230 skippen fan de brune float op 'e nij keurd wurde. Dat hat it kabinet ôfrûne jier besletten.
Alde sylskippen fan de brune float
Alde sylskippen fan de brune float © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Hast alle skippers jouwe oan foarstanner te wêzen fan de werkeuringen: se fine it wichtich dat it gebeurt. "We hebben allemaal hetzelfde doel", seit Vincent de Vrijer, tegearre mei Spaans eigener fan de Rode Swan. "Als een gast vraagt of het bij ons aan boord veilig is, dan wil je als eigenaar en volledige branche kunnen zeggen dat dit zo is."
Mar de wize wêrop't de skippen daliks keurd wurde, makket de skippers benaud.
De ynspeksje hat nije kritearia en sil folle stranger nei de wetjouwing sjen, wylst dy neffens de skippers ferâldere is. Eelke Dijkstra, skipper fan de Elbrich: "Mei it plan dat der no leit, liket der net keurd te wurden om feiligens te fergrutsjen, mar om de letter fan de wet."

Skynfeiligens

Ien fan de foarbylden fan Dijkstra giet oer it materiaal op syn skip. "Wy brûke tou fan in keunststoffezel, Dyneema. Dat is in produkt dat hiel sterk en modern is. Mar dit materiaal is nij en stiet net yn de wet. It soe dus net brûkt wurde meie en ferfongen wurde moatte troch in minder sterk materiaal."
Dyneema-tou
Dyneema-tou © Shutterstock.com (John Konrad)
Dat jout neffens Dijkstra skynfeiligens, omdat de feiligens just minder wurdt as materiaal lykas it Dyneema-tou ferfongen wurde moat.
Als de inspectie zo streng gaat controleren als ze zeggen moet ik zo'n 10.000 euro investeren.
Rob Dieffenbach, skipper
Ek de skipper fan de Gaia, Rob Dieffenbach, brûkt Dyneema op syn skip. Hy is benaud dat er it allegear ferfange moat. "Als de inspectie zo streng gaat controleren als ze zeggen, moet ik zo'n 10.000 euro investeren."
De skippers wolle benammen dat de keuringen har doel net foarby sjitte. Spaans: "Wij willen dat echt onveilige situaties of punten bij de keuring naar boven komen. Dan kunnen we met zijn allen het seizoen goed beginnen en vol vertrouwen weten dat de veiligheid echt verhoogd is."
Vincent de Vrijer en Dorette Spaans, eigeners fan De Rode Zwaan
Vincent de Vrijer en Dorette Spaans, eigeners fan de Rode Swan © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It Bureau Scheepvaart Certificering docht de kommende tiid de keuringen. Direkteur Robin Hoekstra jout oan dat de oerheid opdracht jûn hat foar ûndersyk nei Dyneema en úteinlik soe de wetjouwing hjiroer oanpast wurde kinne. Mar dat slagget no noch net, seit Hoekstra: "Op dit stuit witte we te min oer fan materiaal ôf om it goed te keuren."
Hoekstra seit dat it mooglik is dat skippers no harren skip oanpasse moatte, wylst de regels oer in pear jier wer feroarje sille.

Wurdt 'hiel krap'

De skippers ha krekt foar de krystdagen alle ynformaasje krigen oer wêr't se oan foldwaan moatte. Mar troch de nije kritearia krije skippers it gefoel dat guon spulregels feroare wurde, in pear wike foardat de werkeuringen dien wurde.
Dêrom is it de fraach oft alle ynspeksjes dien wurde kinne en de skippen op tiid oanpast wurde kinne, foar 1 april. Spaans, de eigener fan de Rode Swan, betwivelet it: "Dat gaat volgens mij heel krap worden. Inspectie en keurmeesters zeggen dat het haalbaar is, maar er zit geen marge in."
Hoekstra begrypt de soargen: "It is teoretysk helber. Mar der is twivel, dy is der by elkenien. Wy ha in pear pilots draaid, mar dit is noch noait dien en wy ha noch hieltyd net in goed byld fan hoe't it gean sil."
De zorgen van de schippers worden serieus genomen.
In wurdfierder fan de Inspectie Leefomgeving en Transport
Ek de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) is op de hichte fan de soargen en organisearret tiisdeitejûn in ynformaasjegearkomste dêr't skippers fragen stelle kinne oer de werkeuringen.
"De zorgen van de schippers worden serieus genomen", jout wurdfierder Sacha Elzinga oan. "De aanvullende onderzoeken moeten leiden tot een aantoonbaar veiliger vloot en alles moet passen binnen het huidig wettelijk kader."
"De planning van de ILT is er op gericht om voor 1 april alle schepen onderzocht te hebben", beslút Elzinga.

Hoe sjogge de werkeuringen derút?

Foar de keuringen wurdt troch alle partijen mei ien checklist wurke. Dat is nij, want yn it ferline hie eltse keuringsynstânsje in eigen wurkwize. Dêrneist binne der meardere lokaasjes ynrjochte, sadat der sa effisjint mooglik keurd wurde kin.
Yn Fryslân moatte de skippen yn Harns of Starum komme te lizzen. Seis teams fan twa keurders kontrolearje de skippen dan. Mei it keuren wurdt sjoen nei de tugaazje, de mêsten en giken oan board fan de skippen.
It útgongspunt is dat eltse ploech trije skippen deis keurt. Dat gebeurt ûnder tafersjoch fan de Inspectie Leefomgeving en Transport en wurdt betelle troch it ministearje.