Hynstekeuring wurdt elts jier in grutter spektakel: "Sta iedere keer weer versteld"

De grutskens fan de provinsje: it Fryske hynder
De grutskens fan de provinsje: it Fryske hynder © ANP
Tsientallen glânzjende Fryske hynders dy't op live muzyk oer de ferljochte flier drave. De kommende trije dagen rjochtsje leafhawwers út de hiele wrâld har eagen op de hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert.
De ôfrûne dagen hawwe meiwurkers fan it 145 jier âlde Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek drok dwaande wêst om it WTC om te bouwen ta sfearfolle hippyske arena.
Lykas alle jieren wurdt besocht der in grut spektakel fan te meitsjen. Alle dagen komme der goed 10.000 minsken op ôf.
Sa riedt it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek him ta op de Jubileumshow
De organisaasje hopet mei ûnder oare in ljochtspektakel de shows fan eardere jierren foarby te gean. Hûnderten lampen tsjoene de kommende dagen it sân yn de pyste om ta in see-, hea- of gerslânskip, fertelt organisator Bas Verhoeven.
"Door middel van projecties veranderen we de zandbak in een grote televisie, waar je op kunt projecteren wat je wilt."

Hynder yn in skippybal

Der wurd yn de show op in teätrale wize omtinken jûn oan de 145e jierdei fan it KFPS: "Het wordt een spektakel. Het ontstaan van het stamboek en het ontstaan van het Friese Ras worden uitgebeeld."
Verhoeven fynt it bysûnder wat de minsken yn de show foarinoar krije: "Ik sta iedere keer weer versteld van wat ze verzinnen. Vorige keer ook, toen stopten ze een paard in een skippybal."
Dat je het verzint is één, dat je het uitvoert is een tweede.
Bas Verhoeven
It Fryske hynder is tige geskikt foar dat soart keunsten. En de Friezen ek, fynt Verhoeven. "Dat je het verzint is één, dat je het uitvoert is een tweede. Dat hebben we te danken aan de Friese nuchterheid: niet lullen maar poetsen."
Bas Verhoeven op de pyste
Bas Verhoeven op de pyste © Omrop Fryslân
It organisearjen fan in evenemint fan dizze omfang freget in soad tiid: "Over de gehele bouw deden we ongeveer een week. Derde kerstdag zijn we begonnen met de opbouw en die tijd hebben we ook hard nodig. Voor alleen de tribunebouw krijgen we al 45 opleggers met materiaal binnen."
De ljochten teste, stuollen ferfange, de vip-tafels foarsjen fan kopkes. Der binne woansdei noch in soad minsken dwaande mei de lêste tariedingen.

In soad yndrukken

Troch de ljochten de muzyk komme der in soad yndrukken ôf op de hynders dy't oan de show meidogge. Neist it normale trainen, waskjen, boarsteljen, flechtsjen en fuorjen wurd der ekstra tiid naam om de hynders wenne te litten oan de 'bewegende' flier.
"Ze vinden het best wel spannend, maar de meesten doen het al vrij snel heel braaf. Het is ook gewoon een kwestie van veel oefenen", fertelt ruter Tahnee Visser.
Tahnee  Visser mei merje Yersie C.
Tahnee Visser mei merje Yersie C. © Omrop Fryslân
Visser docht mei oan it ûnderdiel 'Ode aan de merrie', dêr't it froulike hynder sintraal yn stiet.
"Het is leuk dat de merries deze keer een podium krijgen, omdat het altijd om de hengsten gaat. Merries leveren ook een topsport met het veulens krijgen en in de sport lopen."
Omrop Fryslan hat wiidweidicht omtinken foar de hynstekeuring. Fan tongersdei 11 oant en mei sneon 13 jannewaris is alles live te folgjen op ús webside.
It kommentaar op de livestreams is sels yn fiif ferskate talen te folgjen. De lêste dei, sneon, is alles ek live te sjen op televyzje. Sjoch op dizze side foar mear ynformaasje.