Akke yn Kanada plat foar livestream hynstekeuring: "Panne snert stiet klear"

Akke Kraak mei har man Roelof
Akke Kraak mei har man Roelof © Akke Kraak
Friezinne om utens Akke Kraak yn Kanada hie stomme graach nei de KFPS-hynstekeuring yn Fryslân ta wollen, mar kin dit jier net. Dêrom biedt de livestream by Omrop Fryslân útkomst.
De famylje Kraak yn Mount Elgin (Ontario) hat njoggentjin Fryske hynders. Sûnt 1987 wenje Akke (69) en Roelof (73) Kraak yn Kanada. Se komme oarspronklik fan Fryslân: Akke fan Suwâld en Roelof fan Dolsterhuzen. Yn Fryslân molken se kij yn Dolsterhuzen en Makkingea.
Sa'n 36 jier ferlyn binne se mei fjouwer lytse bern nei Kanada ferfearn. Yn Fryslân koe it buorkjen net mear út.

Ankie

Akke is bliid dat se yn in streek wennet dêr't mear Friezen en Nederlanners sitte. "Dan kin ik sa no en dan Frysk prate." Foar it gemak hat Akke har oarspronklike Fryske namme farre litte moatten. Se wurdt no 'Ankie' neamd.
We libben mei ien foet yn Fryslân en mei ien foet yn Kanada. No is Kanada ús thús.
Akke (Ankie) Kraak
Eartiids doe't de âlden noch libben, kamen se wol gauris werom nei it heitelân.
Akke: "Myn man alle jierren yn novimber en ik yn maaie. Jo libben mei ien foet yn Fryslân en mei ien foet yn Kanada. No't de âlden der net mear binne, ús bern folwoeksen binne en sels ek bern hawwe, is it oars. No is Kanada ús thús."
Sa't dat altyd giet mei emigranten fine de bern yn de rin fan de tiid harren eigen wei yn it nije lân. Ek de fjouwer bern fan Akke en Roelof. Se binne troud mei Kanadezen en der binne acht bernsbern.

Grandma en pake

Akke lit har troch de bernsbern 'grandma' neame. Se fynt it wurd 'beppe' sa âld hearren. Har man Roelof hjit wol 'pake'.
De Fryske taal giet der stadichoan út by de famylje Kraak yn Kanada. Mei har man praat Akke noch wol Frysk, mar mei de bern is se oergien op it Ingelsk, al sizze dy wol 'Hoi mem' as se har belje.
Akke Kraak Kanada pikehokken mei Fryske hynders op de foargrûn
De pikehokken mei Fryske hynders op de foargrûn © Akke Kraak
De bern hiene op in stuit gjin belang by it melken fan kij, wol yn it hâlden fan piken. Doe is Roelof in hinnehâlderij begûn dy't de jongste soan úteinlik oernaam hat.
Akke Kraak mei de hynstekarre
Akke yn de binnenbak mei Fryske hynders foar de karre © Akke Kraak
Nei't se út it wurk gien binne, namen se Fryske hynders as leafhawwerij, Foar Akke is dat fertroud. Sy is grut wurden mei Fryske hynders.
Yn 2016 hawwe se seis hynders nei Kanada oerfleane litten út Nederlân wei. Se fokke sels en dogge mei oan hynstekeuringen, ek yn Amearika. Oar foardiel: Kinst lekker Frysk prate tsjin de hynders.
Akke: "Wy hawwe ûnderwilens njoggentjin hynders. Der moatte in pear ferkocht wurde. Mar we witte noch net hokker. Dat, we litte it mar sa."
Akke har man Roelof Kraak mei foet yn it ringips
Akke har man Roelof stiet op de wachtlist foar in operaasje en dêrom kinne se net nei de hynstekeuring © Akke Kraak
It muoit bot hat dat se dit jier net nei de hynstekeuring yn Fryslân ta kin. Se kinne net fuort omdat Roelof op de wachtlist stiet foar in operaasje. Oars hiene se der wol by west,
Mar se hoege neat te missen: "We sitte plat foar de livestream. En ik meitsje in grutte panne snert, sadat we maklik ite kinne."
Omrop Fryslân jout wiidweidich omtinken oan de hynstekeuring. Fan tongersdei 11 oant en mei sneon 13 jannewaris is alles live te folgjen op de website. It kommentaar op de livestreams op de website is yn fiif ferskate talen te beharkjen. De lêste dei, sneon, is alles ek live te sjen op televyzje.
Klik hjir foar mear ynformaasje.