Koartebaan is yn 400 jier neat feroare: "Goed begjinne, dan bist in hiel ein"

"Hardrijderij der 16 voornaamste schaatsenrijders uit Friesland", febrewaris 1823
"Hardrijderij der 16 voornaamste schaatsenrijders uit Friesland", febrewaris 1823 © Historisch Centrum Leeuwarden
160 meter rjochtút, ien tsjin ien, de ferliezer falt ôf. En dan kin it aventoer nei sa'n 15 sekonden wer foarby wêze. It koartebaanriden hat in lange skiednis, mar is yn de basis neat feroare. Hjoed ha se yn Nijlemmer wer de primeur dizze winter.
Presys hûndert jier lyn, yn 1924, waard yn Ryptsjerk it earste Nederlânsk kampioenskip koartebaan holden. Ferhalen oer it earste koartebaanriden gean lykwols noch folle fierder werom yn de tiid.
Fan in NK is hjoed gjin sprake, mar foar it Gewest Fryslân is it moai dat der riden wurdt. "We wolle graach dat der wat leven yn it spul komt, mei de rappe mannen", seit iismaster Johannes de Vries.
It wie dé wize om jild te fertsjinjen.
Johannes de Vries oer it koartebaanriden yn 1900
Koartebaanriden dienen se yn de santjinde of achttjinde iuw al, fertelt Gauke Bootsma fan it Reedrydmuseum yn Hylpen. "Dat wurdt hjir yn it museum goed fertsjintwurdige. It wie eartiids hiel grut, se binne no allegear oerstapt op de langebaan."
Goed hûndert jier lyn wiene koartebaanwedstriden perfekt foar minsken dy't it net breed hienen, seit De Vries. "It wie dé wize om jild te fertsjinjen."
reedriden
In koartebaanwedstriid op de Uniawei yn Stiens, sa'n hûndert jier lyn © Historisch Centrum Leeuwarden / Documentatiestichting Leeuwarderadeel
"Dy koartebaanwedstriden yn Fryslân wienen de wichtichste wedstriden dy't bestienen. Se kamen út Hollân wei om hjir te riden, want se koenen der in behoarlik jildbedrach mei fertsjinje."

Foarrinners fan sponsoaren

Bootsma follet him oan: "Der wienen guon by, dy koenen de winter wol trochkomme mei dat prizejild. Benammen by de wedstriden yn Ljouwert en Snits, dat wienen grutte eveneminten."
It jild kaam fan de leden fan de iisklups, want dy hienen se doe ek al, en fan rikere minsken út it doarp of de stêd. De Vries: "Dy donearren dat jild dan. Tsjintwurdich soenen we dat sponsoaren neame."
Dat prizejild luts benammen skippers en leanwurkers fan buorkerijen. "Dy hienen it krap. Hielendal dy skippers, dy koenen yn dy tiid fan it jier net farre. En der wienen gjin útkearingen, dus dan wie dit in moaie wize om oan jild te kommen."
anp
Yn novimber 1998 organisearren se yn Nijlemmer ek de earste koartebaanwedstriid fan it seizoen © ANP
Yn de rin fan de jierren ha de koartebaanwedstriden oan status en bekendheid ferlern. Neffens Bootsma hat dat ûnder oare te krijen mei de opkomst fan keunstiis. "Lytsere iisklups moatte sokke koartebaanwedstriden organisearje, mar jonge bestjoersleden kenne it hielendal net mear, dy binne grutbrocht mei de keunstiisbanen."
"It langebaanriden wie der eartiids noch net", seit De Vries. Dochs is er wol wat positiver oer de takomst fan de koartebaan. "It libbet, dat fernimst oan sa'n wedstriid as jûn."
Bestjoerslid Gerard Ziel fan de iisklup yn Nijlemmer kin dat befêstigje: der binne woansdei tusken de middei al 64 oanmeldingen. "Vorige winter waren het er 43 en dat was ook al bovengemiddeld."
Minsken kinne har noch oant 17.00 oere opjaan, dus it kinne der noch mear wurde.

Pas let klear

Der dogge jûn allinnich manlju mei. "We hebben ook wel eens wedstrijden voor vrouwen gedaan, maar deze keer beginnen we met de mannen. En met zoveel deelnemers zijn we pas rond 23.00 klaar, dus dan is er niet genoeg tijd om nog een extra wedstrijd erbij te doen."
In koartebaanwedstriid foar froulju yn de Prinsetún fan Ljouwert, flakby de Aldehou, 11 febrewaris 1922
In koartebaanwedstriid foar froulju yn de Prinsetún fan Ljouwert, flakby de Aldehou, 11 febrewaris 1922 © Historisch Centrum Leeuwarden
Mei fiif man bestjoer regelje se de organisaasje. "De een maakt de baan klaar, iemand anders zorgt voor de catering. Zo komen we een heel eind. En met een paar vrijwilligers erbij doen we ook de jury en wedstrijdleiding."
Dy bestiet ûnder oare út twa starters en in pear by de finish, dy't oanjaan moatte wa't wint. "We hebben drie bij de finish staan, dat moet altijd een oneven aantal zijn, voor eventuele twijfelgevallen."
anp
De earste koartebaanwedstriid fan 2007 waard ek yn Nijlemmer holden © ANP
Ien fan de dielnimmers is Johan Talsma, dy't ferline winter as 17-jierrige jonge elkenien ferraste mei de oerwinning. Hy is der woansdei al betiid by, om alfêst te sjen by de iisbaan. "It iis sjocht der prachtich út."
Elk foutsje kin ferlies betsjutte, en dan leist derút.
Johan Talsma, de winner fan foarige kear
In geheim hat Talsma net. 160 meter liket net fier, mar op de langebaan hoege riders mar 100 meter rjochttroch. "En dan giest linksôf. Dat makket it lêste diel by dizze koartebaanwedstriden wol lestich. Mar ast goed begjinst, dan bist in hiel ein."
It kin dus samar foarby wêze, mar dat is neffens Talsma ek de sjarme. "It giet net om de tiid, moatst gewoan elke wedstriid fan dyn tsjinstanner winne. Elk foutsje kin ferlies betsjutte, en dan leist derút."