Hjoed de lêste iisdei? "It moat sawysa wêze"

Entûsjaste reedriders traapje de iisdei ôf
In protsje entûsjaste reedriders stie woansdei ier en betiid al op it iis yn Eagmaryp. Mei de opgong fan de sinne op de eftergrûn smyt dat prachtige bylden op.
Op it stik natueriis wiene tiisdei al in pear reedriders te finen. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei hat it op 'en nij ferzen. Woansdei sil de temperatuer om it friespunt hingjen bliuwe.