Liveblog | 10 jannewaris

112-nijs 10 jannewaris: Auto botst op lampepeal yn Noardwâlde

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn Fryslân.

Lêst bywurke: 10 jannewaris, 10:30
10:30

Iensidich ûngelok yn Noardwâlde

auto botsing lampepeal
Auto botst op lampepeal © BTBfotografie
Yn Noardwâlde is woansdeitemoarn in auto op in lampepeal botst. Dat barde krekt nei njoggenen. Plysje en ambulânse binne teplak kommen, de bestjoerder is mei de skrik frijkommen.
De auto is bot skansearre en wurdt fuortsleept.
07:30

Goeiemoarn!

Yn dit livebloch hâlde wy dy op de hichte fan ûngelokken, brannen, fertragingen en ferkearsynformaasje yn Fryslân. Besjoch hjir it 112-nijs fan tiisdei 9 jannewaris.