Fryslân boppe yn Winterswijk, ek Harm Visser wint: "We ha it fantastysk útspile"

Harm Visser
Harm Visser © Orange Pictures
Harm Visser fan de Westereen hat it goede foarbyld fan Marijke Groenewoud folge. Hy wûn by de manlju de earste maraton op natueriis.
Healwei de wedstriid pakte in groepke fan acht mei dêryn de Friezen Visser en Jorrit Bergsma in rûntsje foarsprong op it peloton. Ek de winner fan de earste maraton fan ferline jier yn Burgum, Gary Hekman, siet derby.
Tsien rûntsjes foar de ein fan de wedstriid moast de rest fan it peloton der tuskenút en moasten de koprinners ûnderling útmeitsje wa't de oerwinning pakte.
Visser en Bergsma besochten beiden om it net op in einsprint oankomme te litten en pleatsten oanfallen. It slagge lykwols nimmen om solo fuort te kommen en dus waard it dochs in sprint. Dêryn rekkene Visser ôf mei Christiaan Haasjes en Peter Michael. Bergsma waard achtste.
Harm Visser komt as earste oer de streek
"We hawwe it fantastysk dien, mei it hiele team", seit de reedrider fan Jumbo-Visma nei syn oerwinning. "Jorrit (Bergsma, red.) en ik kontrolearren it fantastysk."

Krekt op tiid

"Ik sei tsjin Jorrit: dit is it Hearrenfeansenario", seit Visser doelend op de Marathon Cup yn Thialf dêr't Bergsma en hy foaroan leinen. Visser liet Bergsma yn de slotfaze fan de race doe gean. "Safier kaam it no net, mar we hawwe it wol fantastysk útspile."
"Jorrit die yn de finale in ultime jump", seit Visser. "Dat die hy supergoed. Ik ried der tegearre mei Luc (ter Haar, red.) nei ta. Ik wachte oant it lêste momint, miskien krekt wat te lang, mar ik wie op tiid. Super om it hjir ôf te meitsjen."
Harm Visser syn earste reaksje nei de winst
Ferline jier waard Visser by de earste maraton op natueriis, yn Burgum, twadde. "Ik tink dat ik sûnt dy tiid wol in stapke makke ha. Doe wie it al moai om twadde te wurden. Nei it NK Marathon, dêr't ik foel, wie ik terge om dizze te pakken."
By de froulju hie Marijke Groenewoud earder op de jûn de oerwinning pakt.