Marit Bouwmeester pleatst har foar Olympyske Spelen, mar mist medalrace op WK

Marit Bouwmeester
Marit Bouwmeester © ANP/Sem van der Wal
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten docht takom simmer mei oan de Olympyske Spelen yn Parys. Bouwmeester pleatste har lykwols net foar de medalrace op it WK yn it Argentynske Mar del Plata.
Tiisdei waarden der trije races syld op it WK. Dêryn waard Bouwmeester santjinde, twaentweintichste en fjirde. Dêrmei klom se yn it klassemint nei it trettjinde plak, mar allinnich de bêste tsien meie woansdei meidwaan oan de medalrace.
Bouwmeester wie op it WK yn in fûle striid mei Maxime Jonker. Sy moasten útfjochtsje hokker sylster der foar Nederlân nei de Spelen mei yn de ILCA6-klasse. Dêrfoar telle de resultaten fan dit WK en it WK fan ôfrûne simmer yn Scheveningen mei.
Yn Scheveningen einige Jonker bûten de top-10, wylst Bouwmeester fjirde wie. Jonker hat har no wol pleatst foar de medalrace, mar se kin net mear fjirde of heger einigje yn it klassemint. Dêrtroch mei Bouwmeester no nei de Spelen.