Grut part folwoeksenen Noardeast-Fryslân sjocht azc yn Dokkum net sitten

asylsikers
asylsikers © Shutterstock
De measte dielnimmers oan in draachflakûndersyk sjogge neat yn in azc yn Dokkum. It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) hat de gemeente Noardeast-Fryslân frege om mei te wurkjen oan in permaninte opfanglokaasje foar op syn meast 250 asylsikers.
In ûndersyksburo hat in fragelist stjoerd nei de folwoeksen ynwenners fan de gemeente. Likernôch 14.000 kear waard de enkête ynfolle. 60 prosint fan harren stiet negatyf of hiel negatyf tsjinoer de komst fan in azc.
Oan dy 60 prosint is frege wat derfoar soargje kin dat dy miening bysteld wurdt. 14 persint soe der oars nei sjen as de opfang net permanint is. Mar fierwei it grutste part is net te fermurvjen: 77 prosint fan de minsken mei in negative miening oer in azc by Dokkum stelt der ek nea foarstanner fan wurde te kinnen.
It folsleine ûndersyksrapport wurdt tongersdei oan de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân presintearre. Op 1 febrewaris is de ried fan doel in beslút te nimmen oer de fraach oft it proses trochset wurde sil,
Yn dat gefal wurdt earst ûndersocht hokker lokaasjes dêrfoar geskikt wêze soenen. Op dy plakken wurdt dan noch in draachflakûndersyk útfierd. It is de bedoeling dat der yn maart of april in definityf beslút naam wurdt.