Marijke Groenewoud fierwei de sterkste by maraton op natueriis: "We hienen it ûnder kontrôle"

anp
Marijke Groenewoud komt as earste oer de streek © ANP
Marijke Groenewoud hat de earste maraton op natueriis fan dizze winter wûn. Yn Winterswijk rekkene se yn de sprint ôf mei Esther Kiel en Lianne van Loon.
De wedstriid begûn oantreklik: in groepke mei ûnder mear Groenewoud en Merel Bosma pakte in gatsje, mar it peloton ried it al gau ticht.
Ek oaren besochten de oanfal te sykjen, mar alle ploegen wienen skerp en joegen de oanfallers net te folle romte.
Dêrtroch rûn it út op in massasprint. Dêryn wie Groenewoud fierwei de sterkste. Op de finish hie se wol fiif meter oer op nûmer twa Kiel.
Marijke Groenewoud komt as winner oer de streek
"Ik ried tegearre mei Arianna Pruisscher", fertelt Groenewoud nei ôfrin fan de race. "We hawwe de wedstriid de hiele tiid ûnder kontrôle hân. Yn de finale hat syn noch in protte beulswurk dien, wêrtroch't ik it ôfmeitsje koe."
Marijke Groenewoud oer de maraton
Foar Groenewoud wie it de earste kear dat se in maraton op natueriis wûn. Dat makke it foar har spesjaal. "As der natueriis is, moatte je derby wêze. Ik hie nocht om te riden, dus ik woe hjir graach hinne. En de baan lei der moai by."
Hilde Noppert fan Skarsterbrêge wûn in tuskensprint en pakte dêrmei in preemje. Noppert finishte as sechsde en Bosma as achtste.