De toan fan Froukje Sijtsma: "Op reis nei dyn doel"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Yn myn kollum fan foarige wike fertelde ik oer myn foarnimmen om dit jier de Slachtemaraton te rinnen. Ek frege ik nei jimme goeie foarnimmens en stelde ik de fraach hoe't jimme dat oanpakke. Want it is algemien bekend hoe lestich it is om goeie foarnimmens troch te setten.
Minsken smite nammentlik de handoek hiel gau ek wer yn de ring. Ast dochs wer in sigaretsje oanstutsen hast, dan kin fuort it hiele pakje ek wol opsmoke. Of ast tajoust oan dat ferliedlike stikje sûkelade, dan hast miskien wol sa'n min gefoel deroer, datst dy goeie foarnimmens hielendal mar oerboard kiperest.
Skande. 'Als iets niet lukt, dan is het niet meteen mislukt', lies ik lêst. Feroarje giet mei falle en wer oerein komme. Nije gewoanten oanleare is hiel dreech, dat seit ek gedrachswittenskipper Ben Tiggelaar fan de bestseller Dromen Durven Doen.
De toan fan Froukje Sijtsma
Yn syn boek jout er tips om goeie foarnimmens dochs fol te hâlden. Dyn dreamen meie grut wêze, de reis derhinne giet faak better yn lytsere stapkes. Net fuort fan de flier op de souder springe wolle. Formulearje realistyske en helbere doelen, dan kinst altyd stapkes bystelle. Better geregeld in kertierke kuierje, as fuort alle dagen twa oeren traine wolle en der dan net oan takomme.
Wat ek wurket is om freonen, famylje of kollega's te belûken yn dyn goeie foarnimmens. Wannear't oaren derfan ôf witte, kinne se meidwaan, dy stimulearje of ris belangstellend freegje hoe't it giet. It is dêrby fan belang om dyn dreamen posityf te formulearjen. It is better om te sizzen watst wol wolst, as watst net mear wolst en wês dêrby sa konkreet mooglik. Sis bygelyks: ik wol twa kear yn de wike op de fyts nei it wurk yn plak fan ik wol de auto faker stean litte.
It helpt ek om dysels te beleanjen. Stel dysels wat nofliks yn it foarútsjoch. As it slagget om alle wiken te trainen foar in maraton, dan meist nije skuon keapje of dysels traktearje op in moai boek of in jûntsje nei de bios. Betink in moaie beleanning en evaluearje geregeld. Lytse sukseskes stimulearje om troch te setten.
Ik krige trouwens ek noch in hiele bysûndere reaksje op myn kollum fan Arjen. Geregeld reagearret hy op myn ferhalen, mar no fertelde hy ek wat persoanliks. Arjen is koartlyn út de kast kommen. Yn 2024 wol hy him iepenstelle foar de leafde. Nei jierren fan heimlik dreame, hat hy himsels no ynskreaun op in datingsite. Hy hat al mei ferskate minsken chatten en prate sels mei ien ôf yn in kafee.
Arjen fertelde oaren oer syn foarnimmen en joech himsels dêrby ek de opdracht om wat ympulsiver yn it libben te stean. En hy fertelde noch wat moais. Mei fonkeljende eagen sei hy, dat hy no al tankber is foar wat der op syn paad komme mei. En dat is eins in hiel moai boadskip: fisualisearje net allinnich it eindoel datst foar eagen hast, mar genietsje ek fan de de reis der nei ta. Wa wit bedarrest op in noch folle better plak."