Fiif fragen oer de hynstekeuring: ít hichtepunt foar fans fan it Frysk hynder

Johanna Brinkman folget de hynstekeuring
Johanna Brinkman folget de hynstekeuring © Omrop Fryslân
It is ít wichtichste evenemint om it Fryske hynder hinne: de hynstekeuring fan it KFPS. Dit jier wurdt it noch in grutter spektakel: omdat it Friesch Paarden-Stamboek 145 jier bestiet, binne der trije jubileumshows.
Johanna Brinkman komt al jierren by de hynstekeuringen en docht ek dit jier wer ferslach foar Omrop Fryslân. Sy fertelt wat dit evenemint spesjaal makket en wat we dit jier ferwachtsje kinne.

Wêrom is de hynstekeuring sa'n hichtepunt?

"De Fryske hynstekeuring kinst ferlykje mei de Oscars, mei de grutste stjerren dy't har oan it publyk sjen litte. De stamboekhynsten tingje nei de grutste priis: it kampioenskip. Jurre 495 waard ferline jier foar de fiifde kear algemien kampioen. In topprestaasje!
Ik sjoch Jurre 495 as in soarte fan Leonardo DiCaprio, hy makket in djippe yndruk en hat in flinke steat fan tsjinst. Mar dat jildt foar alle stamboekhynsten. It bliuwt bysûnder om se yn it echt te sjen, op harren alderbêst."
It is in spektakel foar de hynsteleafhawwer
It is in spektakel foar de hynsteleafhawwer © ANP
"It binne de heiten fan it Fryske ras, it iennige ynlânske hynderras fan Nederlân. Ut de hiele wrâld wei komme minsken nei de keuring ta en yn it bûtenlân folgje minsken de keuring fia de livestream."

Wat dogge se op sa'n keuring?

"Jonge hynsten wurde op tongersdei en freed keurd. De jury sil dêrnei hynsten útnûgje foar de foarryddagen. Yn dy dagen wurdt ek in ferrjochtingsûndersyk dien: dat is it lêste seleksjetrajekt om stamboekhynst te wurden.
Wat fierder de hynst komt, wat mear hy wurdich is. It is in hiel strang proses om sa de bêste hynsten te kiezen en se brûke te kinnen foar de fokkerij, de takomst fan it ras."

Dy takomst hat net altyd wis west, dochs?

"Dat kloppet, it Fryske hynderras stoar yn it ferline hast út. Om it hynder te beskermjen, is yn 1879 Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek oprjochte, it KFPS. It is it âldste hynstestamboek fan it lân."
It Fryske hynder is no gigantysk populêr.
Johanna Brinkman
"It Fryske hynder trochstie ferskate krises: te min suvere dekhynsten, te min leden, net genôch dekte merjes en hast in fallisemint fan it stamboek. Mar it Fryske ras komt der boppe-op en ûntwikkelet him ta in ras mei sportive en rekreative hynders.
It stamboek telt yntusken goed tsientûzen leden, ferspraat oer mear as tachtich lannen. It Fryske hynder is no gigantysk populêr."

Hoe sjocht de jubileumshow derút?

"De jubileumshow fertelt de skiednis fan it ras mei Fryske hynders yn de haadrol. It ferhaal giet oer hynsten, mar it is ek in oade oan de merjes. Sa binne der bygelyks seis heechkwalifisearre merjes te sjen en harren amazônes dy't in show opfiere. Mei bysûndere ljochteffekten en muzyk moat it in spektakel wurde.
Efter de skerms by de hynstekeuring
Efter de skerms by de hynstekeuring © ANP
"Foar minsken dy't gjin kaartsjes ha: Omrop Fryslân stjoert de jubileumshow út, sneon om 19.30 en 22.30 oere."

Sneon is de apoteoaze fan de keuringsdagen?

"Ja, op sneon draait alles om de stamboekhynsten. De jonge stamboekhynsten oant 12 jier wurde keurd en yn oare rubriken de hynsten fan 13 jier en âlder.
Uteinlik bliuwe der in winner en in reservekampioen by de jonge hynsten oer. Itselde jildt by de âldere hynders. Dy twa winners en reservekampioenen meitsje kâns om de opfolger fan Jurre 495 te wurden: de algemien kampioen 2024."
Omrop Fryslan hat wiidweidicht omtinken foar de hynstekeuring. Fan tongersdei 11 oant en mei sneon 13 jannewaris is alles live te folgjen op ús webside. It kommentaar op de livestreams is sels yn fiif ferskate talen te folgjen. De lêste dei, sneon, is alles ek live te sjen op televyzje. Sjoch op dizze side foar mear ynformaasje.