HEA! 85 jier naailes yn Bakhuzen

HEA! Moadefakskoalle Bakhuzen
85 jier lyn waard de Moadefakskoalle fan Bakhuzen oprjochte troch katolike susters, bedoeld om famkes en froulju it naaifak te learen. Sa koene se oplaat wurde ta kûpeuze. Yntusken is de skoalle oernaam troch in stichting, mar noch altyd kinne kursisten dêr naailessen folgje, of bygelyks leare te quilten.
Janneke Bierdorp en Betty Dijkstra swaaie as dosinten de skepter op de Moadefakskoalle. Se helpe de kursisten by harren projekten, mar meitsje ek kostúms yn opdracht, bygelyks foar de karnavalsferiening fan Bakhuzen. Beide froulju binne de 60 al foarby en soene sa stadichoan wol opfolging ha wolle. Mar dy stiet noch net fuortdaliks foar de doar.