Bysûndere lp út 1964 bringt ferline kweekskoalle Mariënburg wer ta libben

Chris Koster mei de LP út 1965
Chris Koster mei de LP út 1965 © Omrop Fryslân, René Koster
In langspylplaat út 1964 fan it dûbeldkwartet fan de Kristlike kweekskoalle Mariënburg út Ljouwert. Dy bysûndere fynst die Ljouwerter Chris Koster doe't er syn kolleksje âlde lp's opromme.
It dûbeldkwartet hie doetiids in goeie namme. It wûn konkoersen en song troch de hiele provinsje by tsjerketsjinsten. Dat wie net samar, want de groep stie ûnder lieding fan muzikaal swiergewicht Jan Veninga (1931-2007).

Vocaal Ensemble

Muzykdosint Veninga wie bygelyks kantor-oargelist by de Ljouwerter Opstandingskerk en dirigint fan de Bonifatius Cantorij, de Ljouwerter Bachferiening en it mingd koar fan Grou.
It koar fan de kweekskoalle waard letter trochset as Leeuwarder Cantorij en hat sûnt 2006 de namme Vocaal Ensemble Leeuwarden.

Digitale ferzje

Nei't Koster de âlde plaat fûn, hat er him digitalisearje litten. Op dy wize koe er de opname diele mei syn âld-klasgenoaten. In bysûndere klasse, seit Koster. Sûnt 1965 wurde der geregeld reünys organiseare. By de útnûging foar de edysje fan 2024 stjoerde hy de digitale ferzje fan de lp mei.
It sjongen wie in wichtich ûnderdiel fan de oplieding op de kweekskoalle yn Ljouwert. Dat hat der neffens Koster mei foar soarge dat âld-learlingen letter, as ûnderwizer yn harren eigen klasse, altyd in soad oan muzyk dien ha. "Dat wie altyd in wichtich ûnderdiel fan it lesprogramma."
Hy ferwachtet dan ek dat der by de reüny fan dit jier ek wol wer songen wurde sil. "Sjonge en dûnsje, want de muzyk hâldt ús jong!"
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.