In ton om drompels fuort te heljen by Fryske sportklups: "Der is bot ferlet fan"

Rolstoeltennis
Rolstoeltennis © ANP
Sport Fryslân ferdûbelet it subsydzjebudzjet foar minsken dy't no drompels ûnderfine om te sporten.
It is it twadde jier dat it saneamde Sport Inclusie Fonds subsydzjes jout. Ferline jier gie it om 50.000 euro, dit jier is der 100.000 euro te ferdielen. Klups kinne in oanfraach dwaan foar 1.000 euro.
Projektlieder Allard Donker fan Sport Fryslân is entûsjast. "De pot wie ferline jier samar leech. Dat jout oan dat der bot ferlet fan is. Dêrom wie der fraach nei ekstra budzjet."
Allard Donker, projektlieder 'Veilig Sportklimaat' by Sport Fryslân
Allard Donker, projektlieder 'Veilig Sportklimaat' by Sport Fryslân © Omrop Fryslân
It fûns rjochtet him benammen op wat kwetsberdere minsken dy't it dreech fine om te sporten. "Je kinne dan tinke oan kwetsbere bern, minsken mei in beheining, mar bygelyks ek om âldere minsken mei in smelle beurs", seit Donker.
It binne sportklups dy't dizze groepen yn beweging krije moatte. "Dat is mear as in oanbieder fan sportaktiviteiten. It moat ek in plak wêze dêr't je minsken moetsje kinne. Dus as middel tsjin iensumens bygelyks. De klup spilet in sintrale rol yn de mienskip en dus is dat it passende plak om dizze groepen oan it bewegen te krijen."

G-tennis

De bydrage kin dêr goed by helpe, seit Donker: "Je sjogge dat de iene klup oanpassings docht om bygelyks rolstoeltagonklik te wurden. In oar brûkt it jild foar it opsetten fan g-tennis (tennis foar minsken mei in beheining) by in tennisklup."
Klups binne frij yn de besteging fan it jild. "It giet derom dat der resultaten boekt wurde. Wy, en de provinsje as jildsjitter, fine dat minsken yn beweging komme moatte."