Ynsammelaksje Frjentsjer boppeslach foar fiedselbanken, dêr’t foarrieden opdrûgje

Voedselbankaksje Frjenstjer
Fiedselbankaksje Frjenstjer © Omrop Fryslân
It binne drege tiden foar de fiedselbank. Nei de krystdagen drûget de foarried dy't se binnenkrije op. Dêrom sammelet ûnder mear de PKN-mienskip fan Frjentsjer guod yn. Mei grut sukses.
De aksje duorret noch oant en mei freed mar no al binne de 25 doazen dy't se besteld ha fol. "Wy moatte mar op syk nei bananedoazen of mear by bestelle", seit Wessel Veenstra, foarsitter fan de diakony fan de tsjerke.
Guod dêr't de gemeente nei op syk is:
  • Sinneblomoalje of oliifoalje
  • Grientekonserven
  • Sop yn blik of pûde
  • Silverfluesrys
  • Folkoarenpasta
  • Lang hâldbere healfolle molke
  • Fisk yn blik
  • Kofje of tee
  • Couscous
  • Hjouwermout
De aksje is diel fan 'Kerk in Actie', in lanlik inisjatyf dat pakketten ynsammelet foar de fiedselbanken. Yn totaal wolle de tsjerken 38.000 pakketten leverje oan de fiedselbanken yn hiel Nederlân.

Grut sukses

Ek yn Frjenstjer is de earmoed te fernimmen. "Je sjogge de earmoed om je hinne. Wy wolle as tsjerke midden yn de mienskip stean. Dan bidde wy net allinnich, mar dogge we der ek wat oan", seit Veenstra.
Al nei twa dagen is it doel op De Rank yn Frjentsjer dus helle, mar de tsjerke is net fan doel op te hâlden. De leden besykje mear doazen te regeljen fia de lanlike organisaasje.
Wessel Veenstra
Wessel Veenstra © Omrop Fryslân
Veenstra begrypt wol wêrom't de aksje sa'n sukses is. "Minsken binne fan aard goed en it is tegearre foar earmoed, en dêr is grut ferlet fan."
Neffens it Sociaal Planbureau libje yn 2024 1 miljoen Nederlanners ûnder de earmoedegrins. Dat it net de goede kant opgiet, fernimme se bot by de fiedselbanken: it tal minsken dat de har nedich hat, is tusken 2021 en 2022 mei 36 prosint omheechgien.
Fiedselbankaksje yn Frjentsjer is grut sukses
De fiedselbanken fan Nederlân hawwe tiisdei byinoar west om te praten oer hoe't it iten better oer it lân ferdield wurde kin.
Guod ynleverje yn Frjentsjer kin noch oant en mei freedtemoarn, alle dagen tusken 08.00 oere en 12.00 oere.