Earste maraton op natueriis jûn live by Omrop Fryslân: "It is in klassiker"

Harm Visser mei de natueriismaraton yn Burgum ferline jier
Harm Visser mei de natueriismaraton yn Burgum ferline jier © Orange Pictures
De earste maraton op natueriis is jûn live te sjen op de app en de webside fan Omrop Fryslân. De wedstriid begjint om 19.00 oere.
Om 12 oere hinne kaam it ferlossende telefoantsje fan de KNSB. It sil heve, jûn, yn Winterswijk.
Neffens reedrydcoach Jillert Anema is it in klassiker. "Dit is in wedstriid dy't je hiel graach winne wolle."

Burgum net

In jier lyn wie de earste maraton op natueriis noch yn Burgum. Dêr kin it no net, seit ferslachjouwer Roelof de Vries.
"It sit der net yn. Noch net iens om it iis, want dat is wol goed, mar der hat safolle rein west dat de grûn om de baan hinne hiel sompich is."
De foarsitter fan de feriening dy't de maraton yn Winterswijk organisearret is in Fries: Auke Spijkstra fan Wergea. Hy is út de skroeven mei it beslút fan de KNSB. "Geweldich", seit er. "Dit is in hiel fijn gefoel!"
Jorrit Bergsma is ien fan de Fryske favoriten. Hy hat in trainingskamp yn Italië útsteld, sadat er derby wêze kin. Dat hie er al dien foardat dúdlik wie dat de maraton trochgean soe. "Ik tocht, as it even kin, dan pak ik in natueriiswedstriid mei."
Harm Visser tinkt dat er winne kin
"It is noch net it echte natueriisriden fansels", seit Bergsma. "Op de sleatten is it echte wurk, mar by gebrek oan better is dit wol hiel leuk. Je krije alfêst dy sfear fan natueriis. Dat makket it wol hartstikke leuk."

Gert Wierda

Der binne mear Fryske titelkandidaten. Harm Visser fan De Westereen is topfavoryt. Hy hat fan de lêste njoggen maratons fiif wûn. En by de froulju is Marijke Groenewoud fan Grou ien fan de favoriten.
Mar net alle Friezen binne derby. Hast it hiele team fan Jillert Anema is op trainingskamp op Tenerife. By de mannen is allinne Gert Wierda fan Burdaard yn it lân.
"It soe in grutte ferrassing wêze as hy wint", seit Anema. "Mar hy sil it net samar fuortjaan. It hiele team rydt hjoed foar Gert!"
De maraton yn Winterswijk begjint jûn om 19.00 oere foar de froulju, en om 20.00 oere starte de manlju. De hiele maraton is streekrjocht te sjen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.