Doarpen drok mei tarieding Slachtemaraton: Achlum wurdt Fenesië

De organisatoaren op de Slachtedyk yn Achlum
De organisatoaren op de Slachtedyk yn Achlum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Doarpen oan de Slachtedyk binne drok dwaande mei de tariedings foar de Slachtemaraton op 15 juny. Elts doarp fleant it oars oan: Achlum wol ien dei yn Fenesië feroarje.
De organisaasje hat de doarpen oan de rûte frege om aktiviteiten te organisearjen mei it tema 'Wat Oars'. It budzjet foar de doarpsaktiviteiten hinget ôf fan de kaartferkeap, mar de ideeën lizze der al.
Achlum wurdt ek wol it Fenesië fan it Noarden neamd. Mei dat tema gean se oan de slach. Yn it sintrum soe dan it San Marcoplein komme.
"Hjir kinne de minsken útrêste en wat iten en drinken krije", leit Linda Lageveen fan de organisaasje út. "En we wolle hjir it sfearke fan Fenesië delsette. Der is yn prinsipe al in band regele."
Doarpen drok mei tarieding Slachtemaraton: Achlum wurdt Fenesië
Der is in soad muzyk, seit in oare organisator yn Achlum, Jetty Dijkstra.
"Dat is by de hiele rûte del. Wannear't de minsken Achlum yn komme, dan wurde se wolkom hjitten troch in koar. Dat komt hjir op de steger te stean. Dus de minsken hawwe in moai wolkom yn it doarp."
De freonen en donateurs fan de Slachte koene in wike lyn al kaarten reservearje. Minsken dy't fjouwer jier lyn in kaart kocht hiene foar de edysje fan 2020 kinne ek earder kaarten keapje. Dy edysje gie fanwegen corona doe net troch. De kaarten dy't oerbliuwe, geane sneon yn de frije ferkeap.
Achlum docht it tegearre mei Arum. Marchien Houtsma leit út dat der oan de oare kant fan de Achlumer Feart, wannear't de dielnimmers oer de Doarpsstrjitte rinne, teäter komt.
"It teäterselskip út Arum docht dêr in foarstelling. Dêr belûke se de rinners en hurddravers by. Fierder kin ik noch net folle ferklappe. Se brûke wat fan it iepenloftspul dat fan it simmer hâlden wurdt."
By eardere edysjes diene der ek wolris korpsen en koaren mei
By eardere edysjes diene der ek wolris korpsen en koaren mei © Omrop Fryslân
Der moat neffens Lageveen noch wol in soad barre. "We wolle it allegear noch oanklaaie. We binne ien fan in pear doarpen dêr't de Slachte echt trochhinne rint. It doarp is foaral yn juny, as it yn bloei stiet, hiel moai. We wolle de buertferieningen derby belûke om it noch fierder te fersieren."
As it op 15 juny safier is, hoopje se dat it in ûnferjitlike dei wurdt. De frije kaartferkeap foar de Slachtemaraton begjint sneon.