FIDEO: De Blaugerzen by Eagmaryp binne feroare yn in spegel

Reedriders op de Blaugerzen by Eagmaryp
Fan boppe ôf sjoen liket it wol in spegel: de Blaugerzen by Eagmaryp. In tsiental reedriders hat de blauwe flakte foar him allinne. Under in felle sinne fleane se it iis oer.
Yn it Lege Midden leit it grutste reservaat mei blaugerslân fan Nederlân. It gebiet is bekend by reedrydleafhawwers: want as de temperatuer sakket, ûntstiet der in prachtige iisflier.