Nijlemmer hâldt earste koartebaanwedstriid op natueriis woansdei

In eardere koartebaanwedstriid yn Nijlemmer
In eardere koartebaanwedstriid yn Nijlemmer © ANP
Nijlemmer hat de primeur: woansdei wurdt dêr in koartebaanwedstriid foar manlju ferriden.
Der leit hjoed al 4,5 sintimeter iis op de baan, seit Gerard Ziel fan de iisklup, en as dêr fannacht noch fiif graden froast oerhinne giet, kin it net mis gean. "Dan hebben we ijs zat. Het moet altijd lukken."

De earste

Nijlemmer is de earste iisklup dy't dizze winter in koartebaanwedstriid oankundiget. Dat is in wedstriid oer 160 meter.
It is bepaald net de earste kear dat Nijlemmer de primeur hat. Al yn de jierren 80 besiket de iisferiening de earste wedstriid binnen te heljen.

Ien wedstriid

Ferline winter wie der ien koartebaanwedstriid op natueriis. Dy wie ek yn Nijlemmer, op 15 desimber 2022. Doe wiene der 40 dielnimmers. Dêr rjochtet de organisaasje no wer op.
De wedstriid wurdt ferriden op de baan fan IJsvereniging Nijelamer oan de Kooiweg. Der wurdt striden om de K.N. de Boer wikseltrofee en prizejild. De winner krijt 250 euro.

"IJs en weder dienende"

De wedstriid fan woansdei is foar manlju fan 16 jier ôf, en begjint om 19.30 oere. "IJs en weder dienende", meldt de iisklup.
De earste maraton op natoeriis is jûn yn Winterswijk. Om 19:00 oere begjinne de froulju en om 20:00 oere de mannen. De maraton is jûn rjochtstreeks te sjen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.