HEA! Piraterij yn Drachten

HEA! Túnark en piraterij
HEA! bellet oan by Liekele Boonstra yn Drachten, mei de fraach wat der boppe de bank hinget. By him hinget in spegel boppe de bank, dy't er krigen hat fan in maat.
Fierder hat Liekele in útdielpunt foar túnark. Minsken dy't it wat minder ha, kinne sa dochs noch gebrûk meitsje fan goed ark.
Syn allergrutste hobby is piratestjoerder De Zilvervogel. Fanút de wenkeuken soarget hy derfoar dat de muzyk fia ynternet de eter yn giet.