Ried fan Steat bûcht him oer gaswinning by Ternaard: "Dúdlikheid nedich"

gaswinning NAM Noardsee
In produksjeplatfoarm foar ierdgas fan de NAM op de Noardsee boppe It Amelân © ANP
Sawol de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) as ferskate Fryske oerheden wiene it der woansdeitemoarn by de Ried fan Steat wol oer iens. Der moat sa gau as mooglik dúdlikheid komme oer mooglike gaswinning ûnder it Waad by Ternaard.
De NAM is nei de Ried fan Steat stapt om oan te trúnjen op in beslút oer de plannen by Ternaard. De beslútfoarming fan it Ryk duorret fierstente lang, fynt it bedriuw.

Dúdlikheid

De NAM woe eins dat der binnen twa wiken dúdlikheid komt fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Dat slagget net, seit it it ministearje. Dat hopet ein maart in beslissing nimme te kinnen.
"Daar kunnen we tot op zekere hoogte in meegaan. Maar als het ministerie daarbij aangeeft dat ze niet kunnen garanderen dat het besluit over vergunningverlening dan ook daadwerkelijk valt, dan denken wij: daar gaan we weer", sa joech de advokaat fan de NAM oan op de sitting.
"De NAM is van mening dat alle belangen inmiddels zijn onderzocht. Wij willen weten waar we aan toe zijn."
De Ried fan Steat is de heechste algemiene bestjoersrjochter fan Nederlân en ien fan de Hege Kolleezjes fan Steat. De wichtichste taken fan de RfS binne it advisearjen fan it regear en it parlemint oer wetjouwing en bestjoer en it rjochtsprekken as heechste bestjoersrjochter.
De Ried fan Steat bestiet, njonken de Kening as foarsitter, út de fise-presidint en net mear as tsien leden. Formeel sjoen is Willem-Alexander de foarsitter, mar yn de praktyk is dat de fise-presidint. Op dit stuit is dat âld-minister Thom de Graaf fan D66.
It wachtsjen is op in oardiel fan demisjonêr minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof. Sy moat earst bepale oft gaswinning net te folle skea opsmyt foar de natuer op it Waad, mar ek de minister hâldt har no al in skoft op de flakte.
Op de sitting waard troch it ministearje sein dat se mikke op in beslissing foar 1 april. "Het is nou eenmaal een hele gecompliceerde zaak. Wij streven echt naar een beslissing aan het eind van het kwartaal, maar daarbij zijn er wel factoren die voor vertraging kunnen zorgen."
Christianne van der Wal
Christianne van der Wal © ANP
"Wij zijn van mening dat we voldoen aan alle voorwaarden die nodig zijn voor een vergunning", sa sei direksjelid Martijn Kleverlaan fan de NAM nei ôfrin fan de sitting. "Wij gaan er dan ook vanuit dat de Raad van State zal beslissen dat er een uitspraak moet komen, en dat die positief zal uitvallen voor ons."
It mynboubedriuw seit dêrby it sentimint tsjin gaswinning ûnder it Waad te begripen, mar "De winning van gas is nou eenmaal wat we doen. En we gebruiken nog steeds gas in Nederland, daar moeten we ook eerlijk over zijn."
Wy geane derfan út dat de útkomst fan dat beslút dan gjin gaswinning is.
Friso Douwstra en Remco van Maurik
De Fryske polityk hat him earder útsprutsen tsjin gaswinning yn de Waadsee by Ternaard. Dat waard by de sitting nochris ûnderstreke troch deputearre Friso Douwstra en deistich bestjoerder Remco van Maurik fan Wetterskip Fryslân.
Beide bestjoerders binne it wol iens mei de NAM dat der rap in beslút komme moat. "Want ek foar de ynwenners fan Noardeast-Fryslân is dat nedich. En dan gean wy derfan út dat de útkomst fan dat beslút gjin gaswinning is."

Wrâlderfgoed

Ek UNESCO is kritysk op de gaswinningsplannen. De wrâlderfgoedorganisaasje hat sein dat it Waad syn beskerme status wolris ferlieze kin as de gaswinning trochset wurdt.
Der moat dúdlikheid komme oer gaswinning ûnder it Waad
"Ik zie een hardloopwedstrijd met twee hele vermoeide lopers", sa seit Frank Petersen fan de Waadferiening, dy't ek oanwêzich wie yn Den Haag. "En eigenlijk zeggen ze allebei, haal die finish een stukje naar voren. Alleen wat er bij die finish wordt beslist, dat worden nog hele spannende slotmeters."

Twadde Keamer

De partijen dy't neffens har ferkiezingsprogramma net perfoarst tsjin gaswinning yn it Waadgebiet binne, ha yn de Twadde Keamer tegearre 73 sitten. Dat is krekt wat minder as de helte. Fan de fjouwer partijen dy't op dit stuit dwaande binne mei de formaasje fan in nij kabinet binne der twa foar (VVD en PVV) en twa tsjin (NSC en BBB).
De Ried fan Steat besiket binnen seis wiken útspraak te dwaan.