KAART: Op dizze lokaasjes yn de provinsje wurdt reedriden

Jong en âld op it iis by Gytsjerk
Jong en âld op it iis by Gytsjerk © Kappers Media
Nei ferskate nachten fan stevige froast kin der op in soad plakken yn de provinsje op natueriis riden wurde. Tiisdei waard op de Ryptsjerksterpolder, Wolwarren en Blaugerzen al riden, woansdei iepenen ek iisbanen de doarren.
Op in soad iisbanen wie it iis tiisdei noch net dik genôch. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei is it iis troch froast op ferskate plakken no genôch groeid. Troch de kjeld fan de ôfrûne dagen kinne minsken rûnom yn de provinsje harren redens woansdei ûnderbine.
Marsum giet tongersdei foar it earst iepen. Dat is net langer as oant 17.00 oere, want der is gjin ljocht.
Besjoch hjirûnder wêr'tst hjoed it iis op kinst. Dizze kaart is basearre op meldingen fan harkers, lêzers en sjoggers.
De kâns is grut dat dit foarearst de lêste iisdei is. Der wurdt hjoed yn Fryslân in maksimale temperatuer fan 4 oant 6 graden boppe nul ferwachte.
Wurdt der by dy ek reedriden? Is it iis dik genôch? Lit it ús witte! Stjoer in berjocht nei de Omrop-app of stjoer in e-mail nei redaksje@omropfryslan.nl.