HEA! Stal Fan Wettersicht: tariede op de hynsteshow

HEA! Fryske hynders yn de baan
Margriet Griffioen en Gert van Dijkhuizen binne de eigeners fan Stal fan Wettersicht yn Follegea. Se binne ymportfriezen, mar binne hielendal yntegrearre en mear as sljocht op Fryske hynders. Se ha in fokkerij en traine hynders, en dat allegear mei de Fryske kultuer heech yn it findel.
Op de jubileumshow fan it KFPS sille se mei trije acts meidwaan, wêrby't de show mei âld agrarysk lânbouark hiel bysûnder is. Op dit stuit riede se harren ta om op de jubileumshow sa goed mooglik foar de dei te kommen.