Fryske iisklups hâlde hoop: it wachtsjen is op de earste banen dêr't riden wurde kin

Reedride by de sinne-opgong
Reedride by de sinne-opgong © ANP
It liket in kwestje fan tiid foar't der yn Fryslân reedriden wurde kin. De kâns is fansels it grutst op opspuite banen, mar tiisdei en woansdei hat ús provinsje noch twa kâlde dagen foar de boech. IIsklups hâlde hoop.
Fryslân sil hoe dan ek net de earste provinsje wêze dêr't dizze wike reedriden wurde kin. Moandei iepenen de earste iisbanen al, wat súdliker it lân yn. Om 08.00 oere smiet de iisklup fan Doorn (Utrecht) de baan al iepen. In soad minsken woene dêr foar it wurk al efkes op de redens stean.
De fraach is lykwols wa't hjir de primeur krije kin. De leechste temperatueren leine ôfrûne nacht yn it súdeasten en midden fan de provinsje.

Hoop by iisklups

Moandei wie wol dúdlik dat der noch wol wat mear kjeld nedich wie om in iislaach foarinoar te krijen dy't dik genôch is. "Het eerste ijslaagje is een feit", liet bygelyks de iisferiening Drachten e.o. op sosjale media witte. "Nu maar duimen dat de vorst doorzet."
Op de iisbaan yn Drachten lei moandei noch net genôch iis
Op de iisbaan yn Drachten lei moandei noch net genôch iis © IJsbaan Drachten
De manlju fan IJsclub Sneek wiene der moandei ek al betiid by om ris te mjitten hoe't de baan derhinne lei. "Het begin is der", lieten sy witte. Mar it wie noch lang net genôch.
Yn 'e moarntiid lei der 2 sintimeter iis, wylst der yn 'e regel 7 sintimeter oanhâlden wurdt foar't der bern op talitten wurde. "De natuur moet nu eerst zijn ding doen", lit de klup witte. "Dus hopelijk blijft het nog even lekker koud."
De manlju binne der yn elts gefal klear foar
De manlju binne der yn elts gefal klear foar © IJsbaan Sneek
Wat de temperatueren oanbelanget, is it tiisdei betiid al wol moai kâld. "Op Skylge -2, Doanjum -3,6 en Dokkum -3,1. Yn Akkrum is it -5 en yn Haulerwyk -4,7 op de termometer", wit waarfrou Tjitske Wiebenga te fertellen.
Mar dêr bliuwt it net by: "De temperatuer giet de kommende oeren noch wol wat fierder ûnderút. Dêrby stiet wol in stevige wyn út it easten oant noardeasten. Dy is matich boppe lân en boppe de Waadeilannen en it kustgebiet is dy noch krêftich oant frij krêftich."
Dat makket dat it foar it gefoel flink kâld oanfielt: "De gefoelstemperatuer is no sa'n -11 yn Ljouwert en -10,6 yn Starum."

Strakblauwe loft, oeral ûnder nul

Tiisdeitemoarn hat Fryslân boppe lân temperatueren fan sa'n -5 en -6 graden, yn it kustgebiet krekt ûnder nul. "Mar de sinne komt der aardich by en de rest fan de dei hawwe wy in strakblauwe loft. It sil oeral wol ûnder nul bliuwe."
Oan de ein fan de middei sakket de temperatuer wer en dan folget in rêstige, kalme nacht. "De wyn jout him wat mear del. It bliuwt helder en de temperatueren sakje wer nei sa'n -1/-2 yn it kustgebiet oant -6/-7 wat djipper it lân yn. Dus ek kommende nacht wurdt it wer kâld mei lichte oant matige froast."

Woansdei om it friespunt hinne

Woansdei lizze de temperatueren noch om it friespunt hinne, ferwachtet waarfrou Wiebenga. De wyn docht it wat rêstiger oan en is swak oant matich.
"It wurdt net sa kâld as hjoed, it sil in graadsje heger útkomme. Dus der sille ek plakken wêze dêr't de temperatuer wol boppe nul útkomt, foaral yn it noardwesten en kustgebiet. Mar wat djipper it lân yn ferwachtsje ik dat de temperatueren om en nabij it friespunt hingje. En fierder ek wer in moaie, winterske dei."
Dêrmei liket wol echt in ein oan it kâlde waar te kommen, want tongersdei wurdt it alwer sa'n 4-5 graden. Wiebenga: "Dus de froastperioade is koart, mar krêftich."
Wurdt der by dy al reedriden? Is it iis dik genôch? Lit it ús witte! Stjoer in berjocht nei de Omrop-app of stjoer in e-mail nei redaksje@omropfryslan.nl.