Liveblog | 9 jannewaris

112-nijs 9 jannewaris: Brân yn sliepkeamer | Reedride yn retinsjegebieten 'net feilich'

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn Fryslân.

Lêst bywurke: 9 jannewaris, 17:26
17:26

Brân yn sliepkeamer Easterwâlde

De brânwacht yn Easterwâlde
De brânwacht yn Easterwâlde © BTB Fotografie
Yn Easterwâlde is de brânwacht yn aksje kaam foar in brân yn in sliepkeamer. Doe't bewenners de brân ûntdutsen kaam der in protte reek fan de boppeferdjipping ôf. Under oare in bêd is yn de brân rekke.
De bewenners binne op tiid it hûs út gien, en rekken net ferwûne. De oarsaak fan de brân is net bekend.
17:02

Fytspaad op It Amelân ôfsletten troch beferzen wetter

14:02

Wetterskip: Reedride yn retinsjepolders net feilich

De acht retinsjepolders dy't ûnder wetter set binne
De acht retinsjepolders dy't ûnder wetter set binne © Omrop Fryslân / Wetterskip Fryslân
It is net feilich om te riden yn de acht polders dy't it wetterskip ynset hat om hegere wetterstannen foar te kommen. Dat meldt it wetterskip. Reedriden yn dizze gebieten is gefaarlik troch sterke streaming ûnder de tinne iisflier.
Sûnt snein steane de skowen fan dizze saneamde retinsjegebieten wer iepen sadat it wetter fuortstreame kin. It wetter dat yn de polders achterbliuwt, wurdt dêr letter dizze wike útpompt.
It wetterskip meldt dat de wetterstân yn de Fryske marren en fearten op de measte plakken op it streefpeil stiet fan 52 sintimeter ûnder NAP.
13:17

Wenboat sonken yn de Wide Ie

Yn de Wide Ie (by De Feanhoop) is in wenboat yn de weagen ferdwûn. De arke mei de namme Leonora lei in eintsje besuden de Headambrêge. De provinsje hat melding makke fan de situaasje en is op syk nei de eigener.
12:20

Wetterlieding stikken yn Kollum

Kollum
Kollum © RTV NOF
Op it Maartensplein yn Kollum is in wetterlieding stikken gien. In part fan de omjouwing sit dêrtroch sûnder wetter. Dat meldt streekomrop RTV NOF.
Wetterliedingbedriuw Vitens hat de kraan tichtdraaid, en de gemeente hat mei sâlt struid om de glêdens te bestriden dy't troch de brutsen lieding ûntstie. In part fan it plein is ôfset foar it ferkear. In graafmasine moat de lieding opgrave foardat dy wersteld wurde kin.
11:23

ProRail: "Veel koperdiefstal in het noorden"

In trein by Grou
In trein by Grou © ANP
De problemen op it spoar by Meppel binne "heel erg vervelend, zeker voor de reiziger die hier de dupe van is", meldt Prorail. Op it trajekt tusken Ljouwert en Zwolle is sprake fan fertraging troch koperstellerij.
"In korte tijd hebben we veel te maken met koperdiefstal in het noorden", meldt ProRail. "We hebben al maatregelen genomen." Watfoar maatregels dat binne, wol ProRail net sizze.